Fryske rapper MC Remon bliuwt himsels op 'e nij útfinen

Fryske rapper MC Remon, ek wol bekend as Remon de Jong, fynt himsels hieltyd op 'e nij út. Troch himsels hieltyd wer út te daagjen hat er in hiel oeuvre op syn namme stean mei ûnder oare Fryske rap en in kleurboek oer hiphop.
Remon de Jong groeide op It Hearrenfean op. Op de basisskoalle wie hy altyd dwaande mei tekenjen. Dêr begûn it mei: hy wie yn syn húshâlding de iennige dy't dwaande wie mei tekenjen, de rest fan de famylje siet allegearre yn de autowrâld. "Mei it tekenjen wie ik altyd allinnich. Eltsenien siet bûten wat te prutsen mei in brommer en ik siet te tekenjen."

"It hat my nea wer loslitten"

Troch syn buorjonge kaam hy yn oanrekking mei ferskate muzykstilen. Ut de tún wei hearde Remon de muzyk dy't draaid waard. Hy waard entûsjast oer hiphop. "Ik ha der sa gau mooglik foar soarge dat ik it bantsje dat hy hie oernimme koe. It hat my nea wer loslitten."
Ut de hiphop wei ûntstie de leafde foar graffity. "Ik kocht stiften en spuitbussen en begûn myn eigen buert fol te spuitsjen mei tags, troch de hiphop woe ik it leafste yn in getto wenje."
Yn Noardewyn, alle trochdewykse dagen te beharkjen fan 18.00-19.00 oere, besteget presintator Willem de Vries omtinken oan de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde live-optredens jûn.
Op in bepaald stuit waard Remon troch 2 jonges frege om in rapgroep te begjinnen. Hy waard útdage om in tekst te skriuwen. Muzykgroep Osdorp Posse wie it grutte foarbyld en fan dêrút begûn de groep mei de namme 8MM teksten te skriuwen. Troch positive feedback bleau it skriuwen trochgean.

Onderhonden

Remon moete DEF P, de frontman fan Osdorp Posse, op de camping op Skylge en mei syn freonen spruts hy him oan. Se rapten foar de tinte en Def P fûn it sa cool dat hy Remon frege om mei it projekt de Onderhonden mei te dwaan.
Mei de Onderhonden is in plaat opnaam dêr't Remon ek in tal regels yn it Frysk rappe soe. "Ik wie de Fries tusken de Amsterdammers, dus dat moatte je dan fansels dwaan. It is net dat it net cool is, it is just cool ast in Fries bist."
Remon oer it ûntstean fan de Onderhonden
Mei de Onderhonden is er it hiele lân trochgien mei optredens en hy fielde op in stuit dat er mear yn it Frysk rappe woe. "De tiid wie der klear foar: ik hie in protte meimakke en dien, dat hoegde fan my net noch in kear. Ik besykje altyd mysels op 'e nij ût te finen. Doe koe it yn it Frysk. Altyd it hiele lân troch, ik hie der gjin nocht mear oan. Op it poadium doch ik hieltyd itselde. Ik hie dat al meimakke; ik woe wer wat oars."
Remon makket om 2008 hinne de stap nei Fryske rap en komt mei it album Friesstijl.

It westen

Remon rapte in skoft yn it Frysk, die dat by it telefyzjeprogramma Faktor Freed by Omrop Fryslân en wist úteinlik it paad yn de Fryske popkultuer goed te finen. Dat soarge derfoar dat hy wer ta wie oan in nije útdaging.
"In hiel skoft hat it superleuk west, lekker oersichtlik. Op een bepaald momint wist ik krekt wêr't ik wêze moast, dat kin te komfortabel wurde. Ik besykje mysels op 'e nij út te finen." Remon gie dêrom nei it westen. Mei syn húshâlding ferhuze er nei Broek in Waterland om him te fokusjen op animaasje.

Kleurboek

Doe't er dwaande wie mei in dokumintêre kaam hy yn oanrekking mei it 'Hip Hop Coloringbook'. Hy waard dêr sa troch ynspirearre en woe dit ek yn Nederlân meitsje. Hy wie eins ophâlden mei rappen, mar mei tank oan in mailtsje fan in oare Fryske rapper pakte er de tried dochs wer op.
"Ik wie derfan oertsjûge dat ik nea mear wat aktyfs als rapper dwaan soe, mar ik krige in mailtsje fan Pieter Gysbert, dy't yn it Frysk dwaande wie. Hy woe in stikje fan my brûke. Dat fûn ik aardich, dus ik woe wol in kûpletsje dwaan. Ynienen gie it blikje wer iepen en rôlen de teksten derút. Ik hie der wer aardichheid oan."
Yn syn húshâlding is it hiel normaal dat heit hiphopper is. Troch it kleurboek wol Remon syn eigen bern, mar ek oare bern in bytsje skiednis meijaan.
It kleurboek © Noardewyn
Remon oer syn bern en oer it Hiphop Kleurboek
Op dit stuit fokusset Remon him op NFT's, Non-Fungible Token. Dit is in digitaal eigendomsbewiis fan digitale keunst. It jout keunstners de kâns om harren wurk digitaal te ferkeapjen. "Ik meitsje no in kolleksje. Ik fyn it hiel nijsgjirrich, dat hat my triggerre om wer mei de keunst oan de slach te gean", sa fynt Remon himsels dochs wer op 'e nij út.