Fries Museumdirekteur Callens hat noed oer provinsjale subsydzjes

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum © Omrop Fryslân
It stypjen fan ferskate musea mei provinsjale subsydzjes mei net ta skea gean fan de subsydzje foar it Fries Museum. Dat seit direkteur Kris Callens fan dat museum.
"Het provinciale beleid heeft ertoe geleid dat de provincie meer musea is gaan steunen, maar heeft niet voor een andere basis voor het Fries Museum heeft gezorgd. Hoewel er een rapport uit 2015 ligt dat er echt een betere basis moest komen omdat de middelen ontoereikend waren voor de schaal waarop het museum moest functioneren", seit Callens.

Coronastipe

Gek genôch hat it museum profitearre fan corona. "Corona heeft ons in 2020 'geholpen'. Omdat de rijkssteun voor musea met meer dan 100.000 bezoekers die we daarvoor trokken, gebaseerd was op een percentage eigen inkomsten uit 2017/18. Dat waren twee gouden jaren, dus de coronasteun had ook een gouden randje."
Yn oerlis koe it museum dat jild útspriede oant en mei 2024. "Zodat we tot dat jaar meer kunnen doen dan we in de basis kunnen."
Mei de ekstra middels dy't der wienen foar de tentoanstellingen oer Alma Tadema, Mata Hari en Escher koenen se dat ynsette yn 2019. "Zo hebben we wel een beetje leren vliegen. Het werkte, maar met het basisbudget dat we hebben kan dat niet."

'Gelijkheidsprincipe'

Callens neamt noch wat. "In Fryslân speelt heel erg het gelijkheidsprincipe dat iedereen een beetje moet krijgen. Met 4,2 miljoen doet Fryslân acht musea. Dat kan dus niet, maar men doet het toch. Als dat niet verandert, zal dat uiteindelijk ten koste gaan van wat het Fries Museum kan betekenen voor deze regio en daarbuiten."
Kris Callens
It kin sels safier komme dat it museum inkeld wykeins iepen is. "Dan kunnen er geen scholen meer komen door de week. Hoe heeft het zover kunnen komen? Als museum hebben we jaren laten zien wat we waard zijn en nu moeten we scenario's uitwerken waar het gewoon onder water staat, in figuurlijke zin."
Hy hopet te berikken dat de polityk ynsjocht dat in goed Fries Museum belangryk is foar de kulturele ynfrastruktuer.
Deputearre Sietske Poepjes © Deputearre Sietske Poepjes
Deputearre Sietske Poepjes sjocht der oars tsjinoan. "Wy hawwe yn Fryslân in rike en ferskate kultuer. Dêr giet in soad jild yn: 25 miljoen euro. Dat moatte we op in goeie wize ferdiele. It Fries Museum krijt dêr fierwei it meast fan", seit Poepjes.

Fryslân is mear as Ljouwert

It senario dat it museum letter miskien allinnich yn it wykein iepen kin, sjocht de deputearre net barren. "Mar ik snap dat it Fries Museum ambysjes hat. Musea wolle graach witte wat der barre sil nei 2023. Want dan brekt de nije kultuerperioade oan. Dus dat Callens syn finger omheech docht fyn ik goed."
"Allinnich Fryslân is mear as Ljouwert", seit Poepjes mei klam. "Der binne ek noch oare musea dêr't wy ferantwurdlik foar binne."