Fries Museum iepenet nije tentoanstelling oer de frije Friezen yn de midsiuwen

Nije tentoanstelling oer frije Friezen yn Fries Museum © Fries Museum
'Vrijheid, vetes, vagevuur: de midsiuwen yn it noarden' is de namme fan de nije tentoanstelling yn it Fries Museum yn Ljouwert. It bysûndere oan dizze tiid wie dat de Friezen eigen baas wienen.
"De grote grap is dat er in Nederland nog nooit een overzichtstentoonstelling over het grote Friesland in de middeleeuwen is geweest", fynt konservator Diana Spiekhout fan it Fries Museum.
De regionale skiednis út de midsiuwen is net hiel populêr en dat soe in ferklearring wêze kinne. Spiekhout is de lêste jierren dizze skiednis yndûkt en hat sels in oantal bysûndere ûntdekkingen dien.
Vrijheid vetes vagevuur
It giet oar de perioade tusken de 11de en de 16de iuw. Fryslân hjitte doe Tota Frisia en rûn oant en mei it noarden fan Dútslân. Der binne dêrom ek in soad foarwerpen út dit gebiet yn brûklien foar dizze tentoanstelling.
"Zoals sieraden, want in Duitsland zijn sieraadschatten gevonden, in Friesland helaas niet", seit Spiekhout. "Het meeste is omgesmolten, want het was veel waard. Het is daarom heel bijzonder dat we toch nog sieraden uit deze tijd kunnen laten zien."
Sieraden út de midsiuwen © Fries Museum
Fryske froulju, adel of net, rûnen graach te keap mei al harren sieraden. Dat wie in utering om sjen te litten dat se in frije Fries wiene. Mannen diene dat troch it hier op te skearen.
Ek typysk foar dizze perioade wie dat der mar raak boud waard, want gjinien seach derop ta. Der wiene tal fan kleasters en stinzen (kastielen). Yn Ter Apel is noch in kleaster en yn Feanwâlden en it Dútske Bunde binne noch stinzen te sjen út dizze tiid.
De tentoanstelling is te sjen oant en mei 7 maaie 2023.