Fries Museum ûntdekt ynskripsjes yn in midsiuwsk swurd út it eigen depot

It swurd nei de restauraasje © Paulien Kaan
It Fries Museum hat in bysûndere ûntdekking dien troch de restauraasje fan midsiuwsk swurd. Yn it swurd binne merktekens ûntdutsen, dy't mooglik op de hillige trije-ienheid wize.
Dit wykein begjint dêr in nije tentoanstelling oer de midsiuwen: 'Vrijheid, Vetes, Vagevuur: de middeleeuwen in het Noorden.' Foar dy útstalling hat it museum ferskate items út it eigen depot restaurearje litten, lykas munten en dolken.

Midsiuwsk swurd fan Olterterp

Mar ek in saneamd 'oardelhannich' swurd is restaurearre, dat ôfkomstich is út de perioade tusken 1200 en 1400. Dit swurd is by graafwurk fûn yn it Alddjip by de Poasbrêge by Olterterp. It swurd komt út de kolleksje fan it Koninklijk Fries Genootschap.
Yn in restauraasje-atelier yn Oostwold die bliken dat der in ynskripsje yn it swurd stiet. It giet om in ynskripsje mei trije O's, dy't nei alle gedachten symboal steane foar de Heit, Soan en Hillige Geast. It kaam faker foar dat ditsoarte swurden gravearre waarden.
Boppedat komt it ek oerien mei it byld fan it gruttere Fryslân fan doedestiids, dan fan ús Fryslân oant de Wezer yn Dútslân rûn.

Wapen en statussymboal

In swurd as dizze wie net allinne in wapen, mar ek in statussymboal. Konservator Diana Spiekhout seit: "Een zwaard is voor de middeleeuwse krijger de koning van de wapens. Wie een goed zwaard wilde hebben, diende diep in de buidel te tasten, want alleen de beste smeden waren in staat een goede kling te smeden."
It Fries Museum seit fierder ûndersyk dwaan te litten nei it swurd. Net allinne nei de fysike kenmerken fan dit iene swurd, mar ek nei de betsjutting fan sokke wapens yn de 13e- en 14e-iuwske mienskip yn it Noarden fan Nederlân.
It swurd is te sjen yn de nije tentoanstelling oer de midsiuwen fan it Fries Museum, dy't 10 septimber úteinset.