In spear en in pols yn ien: de kletsy wie ít wapen foar de midsiuwske Fries

Spear om mei te ljeppen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der wienen histoaryske ferhalen en ôfbyldingen fan, mar no hat it Fries Museum écht oantoand dat de polsstôkspear in typysk Frysk midsiuwsk wapen wie.
It Fries Museum hat ûndersyk dien nei in fuotstik en in spearpunt. Dêrút docht bliken dat it ûnderdielen binne fan in polsstôkspear, in saneamde kletsy. Dy kletsys binne benammen ynset yn de striid tsjin de Saksen.
In lange spear dus, dêr't je ek mei oer sleatten ljeppe kinne. Der binne histoaryske ferhalen en ek ôfbyldings fan. Fan dit eksimplaar miste de houten stôk, mar no is der in replika makke troch archeolooch Sebastiaan Pelsmaker.

Past by it lânskip en de krigers

De kletsy is ít Fryske midsiuwske wapen, mient hy. "Het past heel erg in de stijl van het landschap en in de stijl van de krijgers hier. Ook dat het een wapen met heel weinig ijzer was, past in deze omgeving heel goed. Het is dus echt een wapen dat iedereen hier gehad kan hebben. In Groningen en Fryslân, het oude Frisia, zijn afbeeldingen gevonden van juist dit wapen in handen van Friese krijgers."
In spear en in pols yn ien: de kletsy wie ít wapen foar de midsiuwske Fries
Yn it depot fan it Fries Museum lei it fuotstik, mar dêrfan tochten se earst dat it in reiskandeler wie. Undersyk hat lykwols útwiisd dat in spearpunt yn it depot der ek by heart. "Junior-conservator Casper van Dijk heeft onderzoek gedaan naar onze collectie", leit konservator Diana Spiekhout út.
"We hebben hem specifiek gevraagd om te kijken naar restanten van die kletsie. We wisten dat het een soort gaffelvoetje moest hebben. Dat zien we ook op de afbeeldingen. Aangezien hij gespecialiseerd is in middeleeuwse wapens, kon hij ook met zekerheid dat voetje identificeren. Het grappige is dat ze eerst gedetermineerd waren als reiskandelaar. Kun je zien wat nieuw onderzoek naar de collectie oplevert als je er met een nieuwe bril naar kijkt."
Dy kletsys binne benammen ynset yn de striid tsjin de Saksen. Fierljepper Ysbrand Galama probearre de replika út op in sleat en guon 'Saksen' fan blik en hea. "Dat gong hartstikke bêst. Beide funksjes binne goedkard. Kinst der goed mei oer de sleat ljeppe en dy Saksen leinen ek sa om."
It wie noch even de fraach oft de stôk foar de oanrin yn de sleat stie of dat de kletsy yn de hannen de sleat oer meinaam is. "Ik tink dochs dat se him meinamen en dat se him dan yn de feart setten en deroer sprongen", mient Galama. "Want do hiest fansels net folle tiid ast yn de striid wiest. Dus ik tink dat se it sa ûngefear dien hawwe."
Ysbrand Galama mei de kletsy © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De kletsy is fan 10 septimber ôf te sjen yn it Fries Museum op de nije tentoanstelling 'Vrijheid, vetes, vagevuur'.