Fryske fraach nei skuldhelp bliuwt út, wylst it krekt no besprekber wêze moatte soe

Teamlieder Barbara Lagendijk fan Amaryllis © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
It tal minsken dat him yn Fryslân mei skulden meldt by helpferlieningorganisaasjes nimt amper ta. Dat dit net bart yn tiden fan ynflaasje is reden ta soarch, tinke helporganisaasjes.
Earder dit jier wie de ferwachting fan ûnder oare Voedselbanken dat troch de hege enerzjyprizen en djoerdere boadskippen mear minsken om help freegje soene.
Yn de gemeente Ljouwert helpt de organisaasje Amaryllis minsken dy't skulden hawwe of yn de skulden driigje te reitsjen. Amaryllis stiet foar de help yn kontakt mei it Buurtservicepunt, Schuldhulpmaatje, Humanitas en de Kredietbank.
De Voedselbank yn Ljouwert © LEO Middelsé, Wytse Vellinga
"We zien eigenlijk allemaal een terugloop van aanmeldingen", seit teamlieder Barbara Lagendijk fan Amaryllis. De organisaasjes hawwe neitocht oer wêr't dit mei te krijen hawwe kin. "We denken dat het te maken heeft met het feit dat mensen de eerste energietoeslag en hun vakantiegeld hebben gekregen."

'De klap komt noch'

Dat betsjut net dat de problemen der net binne, warskôget Langendijk. "Men redt het nu even, maar de klap volgt later. We verwachten die met de eindafrekening. We hebben gecheckt of mensen een flexibel contract hebben. Dat hebben niet veel mensen. Ze zitten voorlopig nog even goed. Zodra het vaste contract opengebroken wordt, zullen ook zij dat voelen."

Aktyf benei komme

Yn de gemeente Ljouwert wurdt wurke mei 'vroegsignalering', leit Langendijk út. "We benaderen honderd huishoudens actief als men twee opeenvolgende maanden een achterstand heeft bij dezelfde aanbieder of in één maand bij twee verschillende aanbieders."
Mei dy groep minsken wurdt kontakt socht. "We vragen of ze we kunnen helpen en als dat nodig is, wat we voor ze kunnen betekenen."
Fryske skuldhelp
Mar ek mei it aktyf opsykjen fan minsken wurdt net eltsenien holpen. Langendijk: "We denken zeker dat er mensen zijn die wij niet treffen. Dat kan als mensen niet aangesloten zij. Maar we zien sowieso dat mensen gemiddeld pas na vijf jaar aan de bel trekken als het misgaat. Dat heeft met schaamte te maken en het zelf willen doen. Het duurt lang voordat mensen aankloppen."
En as it ienkear te let is, dan komme minsken mei hege skulden oan. "De schuld loopt op. Dat is een taboe. We hopen dat te doorbreken, want iedereen voelt het nu bij de boodschappen. Als er één moment is om het bespreekbaar te maken, dan is het nu wel."