Kabinet wol flugger fergunningen foar gasboarringen op de Noardsee
It kabinet wol dat der flugger fergunningen ôfjûn wurde foar gasboarringen yn de Noardsee, dat hat steatssekretaris Hans Vijlbrief freed befêstige.
It duorret no oant seis jier, mar soe nei trije jier ta moatte. Dit moat mooglik wêze sûnder de betingsten te fersoepeljen, tinkt steatssekretaris Vijlbrief fan Mynbou. Hy fynt dat Nederlân te ôfhinklik is fan gas út it bûtenlân. Dat hat de oarloch yn Oekraïne wol dúdlik makke, sa is de steatssekretaris fan betinken.
Foar de koarte termyn
It kabinet wol wis wêze fan de levering fan gas, mar hat ek sein in punt te setten efter de gaswinning yn Grinslân. De oerstap nei duorsume enerzjy sil noch jierren duorje, dus op koarte termyn kin gaswinning op de Noardsee helpe.
It fersnellen fan de prosedueren soe al binnen ien oant trije jier sa'n ien miljard m3 gas ekstra opsmite kinne, tinkt it kabinet. Op de lange termyn soe it sels ekstra produksje fan twa oant fjouwer miljard m3 it jier wêze kinne.
Der is wol krityk op it winnen fan gas op de see. Miljeu-organisaasjes binne benaud foar skea oan de natuer. Ek yn Fryslân is krityk, bygelyks fan boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach.