Omrop Fryslân

'Kabinet wol rapper gasboarrings op Noardsee tastean'

Een boarplatfoarm yn de Noardsee boppe de Waadeilannen
© ANP
It oanfreegjen fan in fergunning om nei gas te boarjen yn de Noardsee moat rapper kinne, fynt it kabinet. Dat is fan doel om dat op koarte termyn te regeljen.
Dat meldt RTL Nieuws. Op it stuit duorret it noch fiif oant seis jier foardat in fergunning ferliend wurdt om gas te winnen yn de gebieten dy't ûnder oare boppe de Waadeilannen lizze. It kabinet wol dat dat op syn minst in kear sa rap giet.
It kin Nederlân in soad jild opsmite. As de gaswinning op see úteinset, kin der alle jierren foar sa'n 6 miljard euro ekstra oan gas wûn wurde. En dat tsien jier lang.

VVD: it is needsaak

It idee om de prosedueres rapper gean te litten, komt fan de VVD. Tsjin RTL seit Keamerlid Jeroen van Wijngaarden dat it needsaak is, omdat Nederlân sa gau as mooglik minder ôfhinklik wurde wol fan Russysk gas.
Steatssekretaris Vijlbrief fan Ekonomyske Saken besleat begjin juny om it boarjen nei gas yn de Noardsee boppe Skiermûntseach ta te stean. It gas wurdt dêr yn de mande mei Dútslân oppompt.
In grutte groep wittenskippers is tsjin de plannen. Ferline moanne noch ûndertekenen goed 400 wittenskippers in iepen brief tsjin in projekt om nei gas te boarjen boppe Skiermûntseach.
Yn Dútslân is der ek ferset tsjin dy plannen. In boargerinisjatyf hat dêr in petysje rjochte oan de minister fan Ekonomyske Saken fan de Dútske dielsteat Nedersaksen. Dy wurdt oproppen mear yn te setten op enerzjybesparring en it ûntwikkeljen fan duorsume enerzjyboarnen.

Greenpeace: better besparje op fossile enerzjy

Greenpeace is ek tige kritysk op de plannen om de prosedueres rapper te meitsjen. Direkteur Andy Palmen seit dat der net allinnich in enerzjykrisis is, mar ek in klimaatkrisis. Dêrby falle deadlike slachtoffers. Palmen fynt dat it kabinet folle mear dwaan moat om fossile enerzjy te besparjen, yn stee fan te sykjen nei nije winningslokaasjes.
VVD'er Van Wijngaarden fynt dat de koälysje just mei de plannen trochsette moat. Hy seit dat der steapels fergunningsoanfragen lizze om te boarjen yn de Noardsee.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.