Wittenskippers: "Boarje net nei gas op de Noardsee"

Boarplatfoarm yn de Noardsee © ANP
It Nederlânske regear moat fuort ophâlde mei it ferlienen fan nije fergunningen foar it boarjen nei gas yn de Noardsee. Dat stiet yn in krityske brief oan it kabinet, dy't ûndertekene is troch 432 wittenskippers.
Steatssekretaris Vijlbrief fan Ekonomyske Saken besleat begjin dizze moanne it boarjen nei gas yn de Noardsee boppe Skiermûntseach ta te stean. It gas wurdt dêr yn de mande mei Dútslân oppompt.

Heaksk op klimaatambysje

De wittenskippers fine dat dy tastimming heaksk stiet op de klimaatambysje om de hegere temperatuer op ierde binnen de oardel graad te hâlden. Ek in tal Fryske wittenskippers hat de brief ûndertekene, lykas heechlearaar kustekology Tjisse van der Heide, fan it NIOZ en de Rijksuniversiteit fan Grins.
"Mei de besteande ynfrastruktuer fan de gaswinning en de fossile brânstoffen geane we al oer dy oardel graad hinne. No wolle se noch mear boarje. Dan is de kâns dat we dy oardel graad helje wol hiel lyts."

"It gas is der wol"

De kommende jierren is der noch wol gas nedich, jout Van der Heide ta. "Mar ynternasjonaal is dat gas der bêst wol. Dan moatte je der foar betelje. Der binne oare oplossingen te betinken as it meitsjen fan ekstra putten yn natuergebieten."
De besteande putten yn de Noardsee binne neffens Van der Heide ek skealik. "Dy lekke metaan en dat is fjirtich kear sterker broeikasgas as CO2. It giet dus net allinnich om wat je derút helje, mar dat je dat ek hiel goed dogge. Dat is yn it ferline net bard."
In oplossing soe in hybride waarmtepomp wêze kinne. "We binne mei syn allen fierstente let. Der moat ynset wurde op waarmtepompen en der moatte genôch ynstallateurs komme. It kin wol as it serieus naam wurdt"
Tjisse van der Heide