Omrop Fryslân

Van Gent oer gasboarrings boppe Skier: "Laatste woord nog niet over gezegd"

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach
© Omrop Fryslân
Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach is tige teloarsteld yn it beslút fan steatssekretaris Vijlbrief om gasboarrings boppe Skiermûntseach ta te stean. "Dat heb ik hem ook gezegd."
Vijlbrief joech tiisdei de fergunningen ôf foar it boarjen nei gas op de Noardsee, goed 19 kilometer noardlik fan Skiermûntseach. It earste gas soe ein 2024 produsearre wurde moatte.
Van Gent krige woansdei in telefoantsje fan Vijlbrief mei it nijs. "Ik stel het op prijs dat hij het me persoonlijk laat weten, maar ik was heel erg teleurgesteld. En ik ben niet de enige die tegen de gasboringen is."
De lokale en regionale polityk is derop tsjin, krekt as natuerorganisaasjes. "Ik had gehoopt dat er nieuwe inzichten zouden ontstaan. Niet boren naar het verleden, maar investeren in de toekomst, in hernieuwbare energie."
We moeten heel zuinig zijn op dit kwetsbare gebied, maar er gebeurt van alles.
Ineke van Gent
Boargemasters fan de Waadgemeenten tinke nei oer ferfolchstappen, seit se. Se fynt dat it Waad beskerme wurde moat. "Het Waddengebied is Unesco Werelderfgoed. We moeten heel zuinig zijn op dit kwetsbare gebied, maar er gebeurt van alles."

'Oarloch is gelegenheidsargumint'

Se wiist op it kontenerferfier, sâltwinning, wynmûnen. "Ik ben niet tegen die parken, maar het moet wel goed gebeuren. En nu komen er ook nog gasboringen bij."
Ien fan de redenen om nei gas te boarjen is de oarloch yn Oekraïne. Nederlân wol minder ôfhinklik wurde fan Russysk gas. "Maar dat is echt een gelegenheidsargument", fynt Van Gent. "Het duurt nog jaren voordat dit gas uit de Noordzee gebruikt kan worden. Laten we die jaren gebruiken om te kijken naar hernieuwbare energie."

Hoop op diskusje

Wat de boargemaster oanbelanget is de diskusje noch net foarby. "Ik hoop op een goed politiek en maatschappelijk debat. Vandaag is er een commissiedebat in de Tweede Kamer. Er lopen ook nog bezwaarschriften, waar we nog reactie op moeten krijgen."
Oft dat wat úthelje sil, is mar de fraach. Dus oerhearsket no djippe teloarstelling. "Ik had gehoopt dat dit nieuwe kabinet een andere richting in zou slaan. Het laatste woord is hier nog niet over gezegd."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.