Dútsers wolle no dochs nei gas boarje benoarden Waadeilannen
Dútslân wol no dochs gas helje út de Noardsee benoarden Skiermûntseach en it Dútske eilân Borkum. Dat meldt de NOS.
De NOS makke in reportaazje mei boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach::
Lange tiid wie Dútslân tsjin de winning yn de Noardsee by de Waadeilannen. Fanwege de driigjende gaskrapte is it lân no dochs om gien. It gasfjild leit goed 20 kilometer boppe de Waadeilannen. It leit ûnder it Nederlânske en it Dútske diel fan de seeboaiem.
It Nederlânske regear liet earder al witte gjin beswier te hawwen tsjin de gaswinning dêr. No't de Dútsers fan miening feroare binne, kin de winning begjinne.
Fiif prosint fan jierlikse gasferbrûk
It gaswinbedriuw ONE-Dyas hopet foar ein 2024 it earste gas oppompe te kinnen. Direkteur De Ruyter van Steveninck fan it bedriuw skat yn dat it gasfjild sawat fiif prosint fan it jierlikse gasferbrûk fan hiel Nederlân beslacht.
Nederlân hat noch in langetermynleveringskontrakt mei Dútslân, dat gjin rekken hâldt mei eardere sluting fan it Groningen-fjild. "We kinne it net meitsje oan Nederlân mear gas te freegjen, wylst wy sels gjin eigen gas winne wolle", seit Bernd Althusmann, minister fan ekonomyske saken fan Nedersaksen.
De dielsteat makke woansdei bekend dat de Dútsers no wol foar de winning binne en Althusmann joech in ferklearring wêrom.
De Nederlânske en de Dútske Waadeilannen binne op de komst fan nije gasboarderij tsjin. It soe miljeuskea opsmite, mar ek net mear fan dizze tiid wêze.
Geologen kinne wol sizze dat it boarjen net gefaarlik is, mar ja, dat hawwe se yn Grinslân ek sein.
Boargemaster Ineke van Gent (GrienLinks) fan Skiermûntseach seit dat it âlderwetsk en achterhelle is om nije gasfjilden oan te boarjen. Neffens de boargemaster kinne se de tiid en enerzjy better yn it útwreidzjen fan nije enerzjyboarnen stekke. Van Gent wiist derop dat se op it eilân in soad dogge om sa gau as mooglik fan it gas ôf te gean.
Op Borkum binne se benaud foar grûnfersakkingen en triljende grûn. "Geologen kinne wol sizze dat it boarjen net gefaarlik is, mar ja, dat hawwe se yn Grinslân ek sein", sei Joachim Bakker fan de gemeente Borkum earder tsjin de NOS.
Needsaaklik of net?
Oft Nederlân dit gas nedich hat, is dreech mei ja of nee te antwurdzjen, seit direkteur Frans Rooijers fan ûndersyksburo CE Delft.
Mei it each op de klimaatdoelen moat it dien wêze mei it oanboarjen fan nije gasfjilden, fynt er. Mar it kostet tiid foar't gas ferfongen wurde kin troch oare enerzjyboarnen. En der sit ek wol in hiel soad gas yn it fjild.
Gasgebrûk beheine
Rooijers neamt it oanboarjen fan it nije gasfjild de wei fan de minste wjerstân. Neffens him rjochtfeardiget de klimaatkrisis it om ek serieus nei te tinken oer beheining fan it gasgebrûk. Dat kin troch bygelyks waarmtepompen en elektryske auto's ferplicht te stellen.
It kabinet moat de nije gaswinning noch wol goedkarre, mar dat liket in formaliteit.