Net in soad arguminten om gaswinningsfergunning te wegerjen

Gaswinning yn de Noardsee by Amelân © Remco de Vries
Steatssekretaris Hans Vijlbrief fan Mynbou hat "niet veel argumenten om het niet te verlenen", sei er tongersdei yn de Twadde Keamer oer de fergunning foar gaswinning yn de Noardsee njoggentjin kilometer boppe Skiermûntseach.
Under oare PvdA en GroenLinks stelden hjiroer fragen yn de kommisje Mynbou.
Vijlbrief wiist op de oanpassings dy't de útbater fan it nije platfoarm tasein hat om de skea foar de omjouwing te beheinen. Eins, sa makke hy dúdlik, koe hy de fergunning sa net wegerje. Op oantrúnjen fan de Twadde Keamer hat hy earder al tasein dat hy mei in fersnellingsplan komt foar de winning fan gas út lytse fjilden yn de Waadsee.
Omdat mear klimaatfreonlike alternativen mear tiid kostje, moat der dochs ek nei fossile brânstoffen sjoen wurde. Vijlbrief: "Als ik dan moet kiezen tussen land en zee, heb ik duidelijke voorkeur voor de zee."

Opwaarming fan de ierde

Dat sinnige benammen Suzanne Kröger fan GroenLinks net. Sy wiist der op dat it klimaatpanel IPCC fan de Feriene Naasjes dúdlik makke hat dat der gjin nije winnings fan fossile brânstoffen bykomme moatte om de opwaarming fan de ierde te beheinen ta oardel graad selsius.
Benammen de VVD en de PVV binne foarstanner fan it brûken fan dizze gasfjilden.
It Waad by Ternaard © Remco de Vries/Omrop Fryslân
Yn in bysin neamde de steatssekretaris ek noch dat it Russyske Gazprom middels yngewikkelde konstruksjes belutsen is by de helte fan de beskikbere gasfjilden yn de Noardsee. Earder hawwe der ek plannen west foar gaswinning boppe Skylge. Doetiids is sein dat dit reedlik 'smoarch' gas wie wêrby't mear stoffen frijkomme soenen dy't min binne foar it klimaat.
Nei oanlieding fan in resint UNESCO-advys oer de gaswinning by Ternaard en in útspraak fan it Europeesk Parlemint tsjin gaswinning yn natuergebieten fregen D66, GroenLinks en de PvdA ek noch nei de fergunningferliening dêr. Minister Van der Wal fan Stikstof hat earder witte litten dat in beslút oer de natuerfergunning dêrfoar no oer de simmer hinne tild wurdt.

Regearakkoart

Neffens Vijlbrief giet it hjir mei troch de belutsenheid fan UNESCO echt om wat oars as de gaswinning by Skiermûntseach yn de Noardsee. Hy ferwiisde benammen nei it kommende beslút fan de minister en gie hast safier om te sizzen dat skean ûnder it Waad boarjen itselde wie as boarjen yn de Waadsee, mar makke dy sin net hielendal ôf. Yn it regearakkoart is earder ôfpraat dat der net mear yn de Waadsee nei gas boarre wurde sil.