Dútske petysje tsjin gaswinning boppe Skiermûntseach

In proefboarring nei gas yn it gebiet yn 2018 © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dútske tsjinstanners fan gaswinplannen yn de Noardsee boppe Skiersmûntseach en Borkum binne in petysje begûn om de winning tsjin te hâlden. It is in inisjatyf fan it Bürgerinitiative Saubere Luft Ostfriesland.
Yn de plannen wurdt der gas wûn op hûnderten meters fan de grins mei Dútslân. Der binne oant no ta hast twatûzen hantekenings ophelle op in Dútsk petysjeplatfoarm.
Foar de gaswinning ha sawol Nederlân as Dútslân grien ljocht jûn. It giet om in lokaasje op njoggentjin kilometer fan Skiermûntseach en neffens de inisjatyfnimmers fan de petysje op trije kilometer fan wichtige Natura2000-gebieten.
De Dútske petysje is rjochte oan de minister fan Ekonomyske Saken fan de Dútske dielsteat Nedersaksen, Bernd Althusmann. Dy wurdt oproppen mear yn te setten op enerzjybesparring en it ûntwikkeljen fan duorsume enerzjyboarnen.

Oarloch

Gaswinning op dizze lokaasje komt pas yn 2024 op gong en sil neat bydrage oan in oplossing fan de hjoeddeistige enerzjyproblemen troch de oarloch yn Oekraïne, sa skriuwt it boargerinisjatyf.
Gaswinner ONE-Dyas leveret úteinlik minder as ien prosint fan it Dútske gasferlet.