Nije oprop boargemaster Van Gent fan Skier om net te ynvestearjen yn gaswinning
Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach ropt steatssekretaris Vijlbrief (Mynbou) nochris op om net te ynvestearjen yn gasboarring noardlik fan dy waadeilannen.
"De komende 35 jaar dreigt iedereen vanaf het strand van Schiermonnikoog en Borkum naar het verleden te kijken: naar een gasplatform", skriuwt se mei har kollega fan it Dútske waadeilân Borkum yn in iepen brief. De provinsjes Fryslân en Grinslân stypje de oprop.
De bestjoerders neame it boarjen nei gas as alternatyf foar Russysk gas "een gelegenheidsargument". "Het platform moet nog gebouwd worden en leidingen gelegd. Op zijn vroegst kunnen we het gas over twee à drie jaar gebruiken", benadrukken ze.
Se sjogge leaver dat ynvestearre wurdt yn duorsume enerzjyboarnen. "We moeten zorgen dat we mínder gas gaan gebruiken, niet dezelfde hoeveelheid uit andere bronnen."
Behoud van gevoelig ecosysteem is basis voor overleven eilandgemeentes.
Vijlbrief joech 1 juny in fergunning ôf foar in nij gasplatfoarm. Van Gent en har kollega meitsje yn de brief nochris dúdlik watfoar risiko's oan dat plan sitte. "Het gasveld ligt bij het unieke onderwaternatuurgebied Borkumse Stenen. Een zeer kwetsbaar natuurgebied, met bijzondere rifstructuren, dat in Duitsland al erkend is als Natura 2000-gebied", skriuwe de boargemasters.
Der is ek in ekonomysk belang, om't de natuer alle jierren tûzenen toeristen nei de eilannen lûkt. "Het behoud van het gevoelige ecosysteem Waddenzee vormen daarmee de basis voor het economische voortbestaan en overleven van de eilandgemeentes."
De boargemasters beklamje dat de fergunning foar gaswinning oant 15 july op besjen leit en dat se oant dy tiid in rjochtsaak oanspanne kinne. It is ûnbekend oft se dat ek dogge. Se wolle graach in petear mei de steatsekretaris en de ynvestearders fan ONE-Dyas, it bedriuw achter it gasplatfoarm.