Omrop Fryslân

Tall Ships Races streekrjocht by Omrop Fryslân

© Omrop Fryslân
De Tall Ships Races is sûnt 1956 in jierliks evenemint dêr't ferskate skippen fan oer de hiele wrâld oan meidogge. De lêste kear dat de skippen yn Harns oankamen, wie yn 2018. Dit jier is it wer safier.
Fan 14 oant en mei 17 july set Harns de haven iepen foar de grutte âlde sylskippen. Omrop Fryslân is der fjouwer dagen lang by.

Streekrjocht út Harns

It binnenkommen fan de skippen, de 'Sail In', is streekrjocht te sjen en de rest fan it Tall Ships-wykein is ek te folgjen by Omrop Fryslân. Tongersdei 14 july om 11.00 oere begjint de Sail In. Age Veldboom jout kommentaar en fertelt wat oer de bysûndere skippen. Fan 10.30 oere ôf is in losse livestream te sjen mei allinne sfearbylden. De rest fan it tallships wykein is te folgjen op telefyzje, radio en online by Omrop Fryslân.

Tall Ships Races

De Tall Ships Races is net echt in wedstriid mei in klassemint en in winner. It is in reizgjend nautysk evenemint. Dit jier sette de skippen útein yn Esbjerg, in stêd yn Denemarken. Ut Esbjerg wei sette fjirtich tallships koers rjochting Harns. Nei Harns gean de histoaryske skippen nei Antwerpen.
De twadde race bringt de tallships fan Antwerpen werom nei Denemarken. De finish is by de stêd Aalborg.
Sjoch hjirûnder wannear't de Tall Ships Races live te sjen binne:
- Toansdei 14 july: fan 9.30 oant en mei 17.00 oere
- Freed 15 july: fan 12.00 oant en mei 17.00 oere
- Sneon 16 july: fan 9.00 oant en mei 18.00 oere
- Snein 17 july: fan 13.00 oant en mei 17.00 oere

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.