Sylspektakel Tall Ships Races yn Harns pakt grut út mei minder skippen
Nei de Tall Ships Races yn Harns komme dit jier minder skippen as yn 2018. Ek binne der folle minder trainees dy't meifarre. It binne de neiweeën fan corona en foar in part is de oarloch yn Oekraïne der ek in oarsaak fan.
Fan 14 oant 17 july dogge, sa't it no liket, 39 tallships Harns oan. Dat wiene der yn 2018 noch 49. Fan de A-klasse, de grutte skippen, komme der no 15 en dat binne der twa minder as fjouwer jier lyn. Trije Russyske skippen dy't komme soene, meie net komme fanwege de oarloch yn Oekraïne.
Direkteur Lieuwe Krol fan Tall Ships Races
It Yndonezyske skip Bima Suci komt net, omdat de bemanning de situaasje yn Europa te ûnrêstich fynt. Ek de hege brânstofprizen kinne in rol spylje. Wol komt in tal oare skippen, ûnder oare de Shabab Oman. Dat skip is boud by Damen Shipyards en it is dêrom bysûnder dat it Harns wer oandocht.
De helte minder trainees
It tal trainees, dat binne jongeren dy't mei de tallships meifarre, is minder as de helte fan de foarige kear. Ek dat hat te krijen mei de coronapandemy. Der farre no 150 mei en yn 2018 wiene dat noch 349.
De wervingskampanje koe dreech opstart wurde en boppedat binne it jonge minsken fan 15 oant en mei 20 jier. Alden binne neffens foarsitter Jan Reier Arends fan de Tall Ships Races huverich om harren bern yn dizze perioade meifarre te litten.
Foarsitter Jan Reier Arends fan Tall Ships Races
Grut programma
De organisaasje hopet dochs grut út te pakken. It programma by de Tall Ships Races yn Harns is grut opset. Der is in soad muzyk en ek teäter om de skippen hinne op de Nieuwe Willemshaven.
Der binne twa poadia, der komt in strântinte dêr't muzikanten optrede en der binne 'beleefeilanden', dêr't fan alles bart op it mêd fan sport, muzyk en teäter. Yn totaal sille yn fjouwer dagen sa'n fjirtich bands optrede.
Ek is der in shantyfestival en op freedtemiddei is de crewparade. Dan geane de bemanningen yn optocht troch de stêd om harsels te presintearjen oan it publyk. Der wurdt ek in seminar hâlden mei dielniemmers út tsien Europeeske stêden dy't meidien hawwe of de kommende jierren meidwaan sille oan de Races.
Filmfestival en workshops
De races begjinne al wiken dêrfoar mei in soarte fan foarprogramma. Alle basisskoallen yn de gemeente Harns stean fan 13 oant en mei 17 juny yn it teken fan de tallships, mei workshops en it beskilderjen fan seilen fan de skippen.
Fan 17 oant en mei 19 juny is der in filmwykein. It is in soarte fan minyfilmfestival oer de see en alles wat derby heart. Dat wurdt in jierliks festival. Alle jierren yn de tredde wike fan jannewaris sil der in filmfestival organisearre wurde yn de Fryske havenstêd mei it tema see.
De organisaasje rekkenet op sa'n 300.000 besikers, itselde oantal as fjouwer jier lyn. In soad eveneminten lûke nei corona minder, mar neffens direkteur Lieuwe Krol fan de Tall Ships Races binne de sinjalen hjirfoar oars.
Nei corona, doe't sokke eveneminten skrast waarden, liket der in soad belangstelling te wêzen. Sa binne der al mear as 2.000 kaarten ferkocht foar bedriuwstripkes op de skippen. Dat wiene yn 2018 sa'n 600.
De befeiliging, dy't foar in soad eveneminten in probleem is fanwege personielstekoarten, is neffens boargemaster Ina Sjerps fan Harns goed regele. Der binne alle dagen 57 befeiligers en de kontrakten binne rûn.
Takomstige finansiering opnij besjen
Oer de takomst fan de Tall Ships Races yn Harns binne wol soargen. It evenemint is fergees, mar de begrutting is 3 miljoen euro. Dêrmei sit de organisaasje oan syn taks. Fûnsen, oerheden en maritime partijen stekke der foar 40 prosint jild yn en it bedriuwslibben docht dat foar sa'n selde bedrach.
Yn de takomst moat sjoen wurde nei oare mooglikheden op it finansjele flak. Wat dat dan wêze moat, dêr binne se noch net út.