Diel Harnzer pier kin fersakje en wurdt ôfsluten foar Tall Ships-publyk

De Noarderpier fan Harns © CAMJO Media
In diel fan de Noarderpier yn Harns is ôfsletten mei it evenemint Tall Ships Races. Wetterskip Fryslân docht dat út foarsoarch om't de pier fuortsakje kin.
Der wurde tûzenen besikers ferwachte op it nautysk evenemint fan 14 oant en mei 17 july. In part fan de pier kin yn útsûnderlike omstannichheden dus ynsakje of fuortglydzje. De feiligens fan de taskôgers komt troch de ôfsluting no net yn gefaar.
De pier is yn totaal oardel kilometer lang. Besikers kinne wol op de kop fan de pier komme.
De Tall Ships Races © Omrop Fryslân

Risiko op ynsakjen

It risiko op fuortglydzjen of ynsakjen wurdt feroarsake trochdat de geul yn it Kimstergat op it Waad him flugger as ferwachte ferpleatst rjochting de Noarderpier.
It wetterskip sil by dit diel as fersterking oer in lingte fan 350 meter stiennen stoarte. Dy komme ûnderde wetterliny te lizzen. Se hâlde de geul direkt njonken de Noarderpier ek op syn plak, sadat dy net fierder opskoot nei de pier.
De wurksumheden oan de pier begjinne nei ferwachting mids augustus 2022. It is de bedoeling dat it wurk klear is foar de start fan it stoarmseizoen op 1 oktober 2022.