Omrop Fryslân

Soargen Harnzers oer sâltwinning serieus naam, gemeente krijt foldwaande

Fan de ûnrest dy't de sâltwinning by Harns feroarsake hat, is noch in soad te learen. Dochs krijt Harns in foldwaande foar hoe't it mei de lûden út de befolking omgie.
In winput foar de sâltwinning by Harns
© Omrop Fryslân
Dat is de konklúzje fan it rapport Casusonderzoek maatschappelijke onrust Noord-Nederland bij overheidsbeslissingen fan it ûndersyksburo Verwey Jonker. Neist de sâltwinning yn Harns waard de oanlis fan wynmûnen by de N33 yn Grinslân en yn de Drintske feankoloanjes ûndersocht.

Minsken serieus nimme

Neffens de ûndersikers bleau de maatskiplike ûnrêst yn Harns beheind. "Dat heeft te maken met het feit dat mensen serieus werden genomen in hun angst dat de bodem zou dalen", seit senior-ûndersiker Ron van Wonderen.
"Inwoners van Harlingen waren bang dat de huizen in de stad beschadigd zouden raken door verzakking. Ze hebben zich verenigd in de belangengroep Stichting Bescherming Historisch Harlingen. De stichting heeft een groot draagvlak en dat helpt."
De stichting wurdt breed droegen yn Harns, seit senior-ûndersiker Ron van Wonderen
Neffens Van Wonderen hawwe de gemeente en it sâltfabryk Frisia de stichting goed meinommen yn de plannen en binne der ôfspraken makke. Sa is der no in grut mjitnet dat de fersakking yn de gaten hâldt.

Transparant

Sakket de boaiem te hurd, dan hâldt de sâltwinning op. "Dergelijke transparantie schept vertrouwen", sizze de ûndersikers.
Boargemaster Ina Sjerps
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns kin har goed fine yn de útkomsten fan it rapport. Sy seit dat de sâltwinning op dit stuit gjin opskuor feroarsaket. "Maar dat kan natuurlijk snel veranderen als de bodem sneller zakt dan verwacht. Bovendien heb je altijd mensen die hoe dan ook tegen de winning zullen blijven."
"Bij sommige mensen zullen de zorgen blijven", seit boargemaster Ina Sjerps fan Harns
De ûndersikers stelle dat de ûnrest om de ôffalsintrale fan Omrin folle grutter wie. "We hebben mensen daarover geïnterviewd. Ze stellen dat er geen samenwerking met Omrin was. Gebrek aan transparantie leidde tot wantrouwen jegens de fabriek. Dit heeft tot grote spanning geleid in de lokale gemeenschap."
Neffens Van Wonderen hat it sâltfabryk Frisia him oars opsteld. "Investeren in maatschappelijke projecten en goede contacten met de bevolking. Dat heeft geholpen.'

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.