Harnzer Noarderpier kin ôfsletten wurde fanwege gefaar op ynsakjen

De Noarderpier fan Harns is net feilich genôch en moat de kommende tiid by hiel leech wetter mooglik sletten wurde foar publyk. Wetterskip Fryslân seit dat dit nedich wêze kin om't in part fan de pier ynsakje kin.
De Noarderpier fan Harns © Shutterstock.com (T.W. van Urk)
It komt omdat de geul yn it Kimstergat op it Waad by de Noarderpier del him rap yn de rjochting fan de pier ferpleatst. Dêrtroch is de Noarderpier net stabyl mear. It smyt benammen gefaar op by ekstreem leech wetter en eastewyn, want dan kin de druk fan it wetter fuortfalle. Dan bestiet de kâns dat de pier ynstoart of fuortsakket.

Geul oanpakke

Wetterskip Fryslân wol de geul foar oktober noch oanpakke. It giet om in stik fan sa'n 350 meter, dat fêstset wurde moat troch stiennen te stoarten of in daamwand te pleatsen. Ein maaie wurdt dêr in beslút oer makke.
De Noarderpier leit foar de haven en is wichtich foar it beskermjen fan Harns mei syn wetterkearing mei fearboatterminal, slûzen en kearmuorre. Om de feiligens fan minsken te garandearjen, kin de pier dus út foarsoarch ôfsletten wurde.