Skoalbern leare oer de see: "We libje rûnom, op en njonken it wetter"
De basisskoallebern fan Harns ha dizze wike alles oer de see leard. Sân dagen lang wienen se wolkom by Sail InZicht: ferskate workshops as tarieding op de Tall Ships Races takom moanne.
De gedachte efter Sail InZicht is om ek de jongste bern te belûken by de Tall Ships Races yn Harns.
Fan 15 jier ôf kinne jongeren meifarre op ien fan de skippen, mar neffens de organisaasje is it wichtich dat elkenien him belutsen fielt. Direkteur Lieuwe Krol seit dat de kar foar it tema rap makke wie: "We libje hjirre rûnom, op en njonken it wetter. Wat witte de bern no eins fan dat wetter?"
Skoalbern leare oer de see yn Harns
Fan moandei oant tongersdei ha de groepen trije oant seis workshops folge yn it Entrepotgebou oan de Dokkade. Der wienen proefkes mei it meitsjen fan iis, en mei it werkennen fan seebisten. De opdrachten waarden betocht en guontiden begelaat troch pabostudinten fan NHL Stenden.
Wylst de bern in soad wille ha, wurde der ek serieuze saken behannele. Tink oan de plestiksop en it omheech gean fan de seespegel.
Freed makke groep 7 in útstapke nei swimbad Het Derde Haad. Yn it wetter leare de bern ûnder oare hoe't se omgean moatte mei wekken, mar ek mei omsleine boatsjes.
Joaz fan IKC het Baken is dêr drok mei dwaande en leit út: "We doen nu een estafette in de bootjes en in het midden van het bad kiepert de boot om."
Mear as 600 bern
De bern sjogge net allinnich yn it wetter, mar ek ûnder it wetter: dat kin yn de masinekeamer fan it swimbad.
Direkteur Lieuwe Krol sjocht tefreden werom op de ôfrûne wike: "We hawwe mear as 600 bern hân. Se ha neffens my in hiel soad leard en in soad wille hân."