Bouboeren Noard-Fryslân ferbjustere oer gefolgen stikstofoanpak foar Waadkust

Teun de Jong op syn ierappellân oan de Aldebiltdyk © Omrop Fryslân
De stikstofoanpak fan minister Christianne van der Wal is net allinnich in probleem foar de melkfeehâlders, mar ek foar de bouboeren by de Fryske Waadkust.
Op de stikstofkaart fan it ministearje fan Lânbou is in brede stripe lâns de Nederlânske kust oanwiisd as 'transysjegebiet'. Dat betsjut dat de stikstofútstjit yn it gebiet mei 47 prosint beheind wurde moat.
De bouboeren yn it noarden fan Fryslân begripe net hoe't se dat hawwe moatte. Sy hawwe ommers gjin kij of oare bisten, dy't ammoniak produsearje en dy't se fuortdwaan kinne. Hoe moatte sy dan yn 'e goedichheid de helte werom yn stikstofproduksje?
Eltse beheining op gebrûk fan de grûn is in oanslach op ús rendemint.
Teun de Jong, ierappelboer en foarsitter fan de NAV
Foarsitter Teun de Jong fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond (NAV) wie neffens eigen sizzen ferbjustere, doe't er seach dat ek syn pleats op It Bilt yn de transysjesône leit. "Gjinien hie ferwachte dat wy hjir yn falle soene. It is op it dit stuit noch folslein ûnbekend foar ús wat de konsekwinsjes hjirfan binne."
Bouboeren Noard-Fryslân ferbjustere oer gefolgen stikstofoanpak
De Jong is dan ek bliid dat de provinsje Fryslân mei it eigen Utfieringsprogramma Stikstof wol rekken hâldt mei de posysje fan de poatierappelboeren yn it noarden fan Fryslân. "Eltse beheining op gebrûk fan de grûn is in oanslach op ús rendemint", leit De Jong út. "Wy hawwe hjir grûn fan hege kwaliteit en dy grûn brûke wy foar ús ierappels, sipels, sûkerbiten, winterwoartels en nôt."
Teun de Jong © Omrop Fryslan
De ynset fan de lobby fan de NAV is om de transysjesône lâns de kust út de plannen fan minister Van der Wal te skrassen. "As je mei in helicopterview oer Nederlân sjogge, is dy transysjesône foar alle wichtige ikkerbougebieten in probleem. It jildt foar de bouboeren yn Seelân en ek foar dy by de Iselmar. Alle fruchtbere ikkerbougebieten soene slimme beheinings oplein krije. Dat kin net wier wêze."
De Jong ferwachtet dan ek dat frijwat bouboeren woansdei meidwaan sille oan de boereprotesten. "Ik wyt dat út Seelân wei in grutte kolonne ûnderweis giet nei de Veluwe."

Spagaat

Yn Fryslân is de natuer wat minder fier en binne de measte bouboeren noch drok dwaande mei de ûnkrûdbestriding en it suverjen fan it ierappellân fan sike planten. "Dat wurk moat no dien wurde. En sa sit in boer yn in spagaat tusken it algemien belang en it wurk op de pleats. Dat lêste krijt dan al gau foarrang."
Foarsitter Teun de Jong fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond (NAV)