Tjeerd de Groot oer stikstofplan: "We hebben bestuurders met ballen nodig"

D66-Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot © ANP
Bestjoerders moatte har net fan 'e wiis bringe litte troch alle krityk op de stikstofplannen, mar se trochsette omdat it 'onontkoombaar' is. Dat seit D66-Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot.
De Groot fan Wâldsein is de stikstofwurdfierder foar syn partij. Hy fynt tagelyk dat it kabinet mear omtinken jaan moat oan it takomstperspektyf foar de boeren yn de foarm fan in mear oan grûn bûne en sirkulêre wize fan buorkjen.
Foar it kabinet soe minister Henk Staghouwer fan Lânbou de boeren it sirkulêre paad wize moatte en harren dêr ek by helpe moatte.
It kabinet wol de útstjit fan stikstof yn de foarm fan ammoniak troch de agraryske sektor de kommende jierren bot beheine. Hoefolle krekt dat hinget ôf fan it gebiet dêr't it oanbelangjende bedriuw stiet.
Tjeerd de Groot (D66) fynt dat bestjoerderd moed sjen litte moatte yn de stikstofoanpak
Yn de buert fan natuergebieten giet it om persintaazjes fan 70 persint en mear, mar der binne ek regio's dêr't de útstjit 'mar' mei 12 persint beheind hoecht te wurden. Nasjonaal is it tebekkringen fan safolle stikstof net mooglik sûnder ek it tal bisten dat hâlden wurdt te beheinen.

Hâlde oan de ôfspraken

It is De Groot opfallen dat de wjerstân tsjin de stikstofplannen by de agraryske sektor grut is. Ek in soad leden fan regearingspartijen CDA en VVD binne tsjin. D66 wol dy partijen oan de ôfspraken hâlde.
Neffens De Groot binne 'bestjoerders mei ballen' nedich om de stikstofplannen troch te setten. "Het is onontkoombaar. De huidige landbouw is zo ver doorgeschoten dat we de weidevogels zijn kwijtgeraakt en dat de waterkwaliteit de slechtste van Europa is. Die landbouw is onhoudbaar."

Perspektyf yn lykwicht mei de natuer

De Groot is wol fan betinken dat de oerheid de boeren dúdlik fertelle moat wat noch wol mooglik is en boeren dy't trochbuorkje wolle ek perspektyf jaan moat, om dat yn lykwicht mei de natuer te dwaan.
"Nu ligt de nadruk wel erg op wat straks niet meer kan, maar we moeten de boeren ook vertellen wat nog wel mogelijk is. Er zijn altijd mogelijkheden voor boeren om door te gaan, maar dan moeten we wel zorgen voor een goed verdienmodel, waarbij de verwerkende industrie en de supermarkten de boeren een eerlijke prijs betalen."
De Groot is lânbouwurdfierder © ANP
Neffens De Groot is in 'rekôrbedrach' beskikber om de boeren dy't troch wolle perspektyf te jaan. "Boeren moeten anders omgaan met bodem, voer en mest. Staghouwer moet dat uitwerken."
Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot oer de stikstofoanpak
It is no oan de provinsjes om foar 1 july 2023 in plan te meitsjen oer de ynfolling fan de stikstofoanpak yn Fryslân.