Stikstofútstjit moat yn grut part fan Fryslân drastysk werombrocht wurde

Kij © ANP Foto
Yn in grut part fan Fryslân moat de stikstofútstjit drastysk werombrocht wurde. Dat stiet yn de stikstofplannen dy't it kabinet freedtemiddei bekend makke hat.
Yn beskerme Natura2000-gebieten moat de útstjit sels mei mear as 95 persint omleech. Yn in ring om dy gebieten hinne moat de útstjit mei 70 persint omleech. Yn feangreidegebieten moat de stikstofútstjit mei 47 persint werombrocht wurde.
De provinsje Fryslân sil no mei de plannen oan de slach. Se moatte foar 1 july 2023 oanjaan hoe't se de doelen tinke te berikken. De persintaazjes binne in rjochtline. De provinsje mei sels witte hoe't se it presys ynfolje, as it doel mar behelle wurdt.
It stikstofplan moat derta liede dat de totale stikstofútstjit yn Nederlân yn 2030, oer acht jier dus, 50 persint leger is.

Gefolgen foar boeren

It werombringen fan de útstjit betsjut dat net alle boeren trochgean kinne mei harren bedriuw. Neffens it RIVM komt 45 persint fan de stikstofdelslach út de agraryske sektor. Yn totaal moat de útstjit fan de boeren mei 40 persint omleech.

Stipe

It kabinet komt noch net mei nije, konkrete maatregels om boeren te stypjen. It plan foar boereperspektyf moast de pine fan de stikstofoanpak wat fersêftsje, mar lânbouminister Henk Staghouwer sjocht foaral nei in "versnelling en prioritering" fan de omslach nei de grienere kringlooplânbou.
© Omrop Fryslân
Wol oerwaget de minister besteande subsydzjeregelingen út te wreidzjen. It ministearje seit mei klam dat de plannen hân yn hân gean mei de gebietsplannen om stikstofútstjit te ferminderjen, en de brief fan freed dus noch mar it begjin is.

Stipe

It kabinet wol boerebedriuwen stypje dy't mear romte nimme wolle foar har fee, en troch technyske ynnovaasjes griener buorkje wolle. Ek komt der mooglik help foar boeren dy't folslein nije produkten of tsjinsten oanbiede wolle.
Omdat yn guon gebieten fanwege de stikstofkrisis amper romte is foar boeren, wurdt dêrneist help oanbean foar boeren dy't ophâlde of ferhúzje wolle.

Protest

De brief fan minister Van der Wal sil nei alle gedachten liede ta nije protesten. Boerekollektyf Agractie die nei oanlieding fan de bekendmakking al in oprop om takom wike yn Den Haag te demonstrearjen. De organisaasje ferwachtet dat in soad boeren harren oanslute sille by de aksje.