FNP ropt D66 op te kiezen foar Fryske stikstofoanpak
FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol ropt D66 op dochs noch te kiezen foar de Fryske, gebietsrjochte stikstofoanpak. En dus net foar de stikstofkaart dy't it kabinet in wike lyn presintearre.
Knol die syn oprop yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries fia Tieneke Clevering. Sy sit yn it wetterskipsbestjoer foar Water Natuurlijk, mar is ek aktyf yn D66.
Clevering fielde har oansprutsen om't sy ek, oars as har partij, fynt dat op dit dossier eigen ynwenners it bêste oardielje kinne oer maatregels foar de eigen omjouwing.
Knol: Fryske oanpak is folle better
Knol sei mei klam, yn de rjochting fan Clevering: "Krij se dat wol tusken de earen hear, dat dy Fryske oanpak folle better is. Wy binne folksfertsjintwurdigers yn it belang fan Fryslân. Wy moatte foar ús ynwenners stean. Oars hoecht D66 dalik ek gjin kampanje mear te fieren foar de Steateferkiezingen."
Knol reagearre mei syn oprop op it stânpunt fan D66 yn Provinsjale Steaten. Dy fynt de stikstofkaart fan it kabinet liedend en fynt dat de provinsje dêr ek op trochpakke moat.
Clevering fielde har dus wol oansprutsen, mar tinkt ek dat it goed is dat elk earst fêsthâldt oan it eigen útgongspunt, mei de wittenskiplike maat as basis. "Dan komst al pratende wol yn it midden út", stelde se.
Clevering: VVD en CDA 'hypokryt'
Dat partijen as VVD en CDA no eins kritysk op it eigen belied binne, betitele Clevering as 'hypokryt': "As se dit belied net wolle, wêrom sitte se dan yn dit kabinet?"
De folsleine útsjoering fan Buro de Vries is hjir werom te hearren.