Van Hooijdonk: "Laat AZ maar komen, wij zijn niet bang"

Fol fertrouwen giet sc Hearrenfean de play-offs yn. AZ is tongersdei en snein de tsjinstanner yn de earste ronde. "We gaan de play-offs in om te winnen", seit Sydney van Hooijdonk.
Van Hooijdonk is net benaud foar AZ:
De spits hie in grutte rol yn de oerwinning op Go Ahead Eagles, dizze snein. It waard 3-1 en de fan Bologna hierde Van Hooijdonk makke de earste twa goals. "Ik heb nu zes keer gescoord en een assist gegeven. Alles thuis, haha. Ik weet niet of het toeval is."
It moaie foar Hearrenfean is dat dy oare spits, Amin Sarr, benammen produktyf is yn de útwedstriden. "Dat is een goede mix", laket Van Hooijdonk. "Want de play-offs bestaan ook uit thuis- en uitwedstrijden."
It gefoel by Hearrenfean kin net better op it stuit. Nei de winterstop waard noch praat oer degradaasje. Mei in pear nije oanwinsten, ûnder wa Van Hooijdonk, waard de wei omheech wer fûn. "Dat is een echte teamprestatie. Het klinkt heel cliché, maar dat is het echt."
Dat is cruciaal geweest, een goede keuze van de trainer.
Sydney van Hooijdonk oer it 5-3-2-systeem
Bepalend by dy omslach wie de wiziging fan it systeem. In pear wiken nei't Ole Tobiasen it oernaam fan Johnny Jansen, gong Hearrenfean 5-3-2 spyljen. "Dat is cruciaal geweest, een goede keuze van de trainer. In de thuiswedstrijd tegen Heracles klikte het ineens."
Om in plak yn de play-offs ôf te twingen, moast Hearrenfean thús winne fan Go Ahead Eagles en dan mocht NEC thús net winne fan Fortuna Sittard. Van Hooijdonk bleau yn de wedstriid op de hichte fan de stân yn Nijmegen. "Ik keek steeds op de schermen in het stadion. En nog voordat wij scoorden, zag ik dat het daar 1-0 stond."

Gjin goede kopper

Net folle letter soarge Van Hooijdonk mei in kopgoal foar de 1-0. Nei it skoft skoarde er opnij mei de holle. Wylst er net echt in goede kopper is, fynt er sels. "Mijn vader kon beter koppen, ik ben sneller. Ik kan wel goed timen, zoals bij de 2-0. Dat was een geweldige actie van Thom Haye. Dan hoef ik 'm alleen maar binnen te knikken, dat ging goed."
En no kin er him dus opmeitsje foar twa wedstriden tsjin AZ. "We hebben niets te verliezen. AZ zal direct de moeilijkste tegenstander zijn. Laat ze maar komen, wij zijn niet bang."

Tobiasen: no ek sjen litte yn grutte wedstriden

Trainer Ole Tobiasen hat der ek wol nocht oan. "AZ is een heel goede tegenstander. Wij moeten het nu laten zien in de grotere wedstrijden. Niet zo lang geleden hebben we nog van AZ verloren."
Tobiasen seach in Hearrenfean sa't er dat graach sjen wol:
It wurdt dus in hiele put om dy earste ronde te oerlibjen. "AZ heeft heel veel kwaliteit, ook individueel. We moeten echt maximaal presteren om een ronde verder te komen. Europees voetbal is voor AZ ook heel belangrijk."
De Deen is grutsk op wat syn ploech snein sjen litten hat. "Ik zat vol trots op de bank. Het was een Heerenveen zoals ik dat graag zie: vooruit verdedigen, lef aan de bal, durven doordekken, Go Ahead dwingen tot fouten."
It publyk gong derachter stean, hielendal doe't NEC achter kaam. "Je hoorde een gejuich bij de supporters in het stadion. Dat gaf ons een bepaalde rust, want op dat moment wisten we dat we aan een goal genoeg zouden hebben."
De wedstriid tsjin Go Ahead wie ien fan de bêsten ûnder lieding fan Tobiasen. "Het is heel knap van de jongens. We wisten dat we goed voor de dag moesten komen. De 2-0 was heel bevrijdend. We hebben zelfvertrouwen opgebouwd, dat moeten we meenemen naar de play-offs."

Musaba fan wearde

Yn de alderlêste kompetysjewedstriid fan it seizoen makke Anthony Musaba lang om let syn earste goal foar Hearrenfean. It hat even duorre foar de rappe fleugelspiler. "Het is echt een opluchting, ik kan het niet eens beschrijven."
Musaba nei syn goal: "Ik wist niet eens wat ik deed"
Net sa hiel lang lyn hie er foar it earst in assist, no foar it earst in goal. Dat is in opstekker foar de spiler dy't sa graach beslissend wêze wol. "Mooi dat ik toch nog m'n doelpunt kan maken en gelukkig komen er nog wat wedstrijden aan. Hopelijk kunnen we tegen AZ opnieuw een goed resultaat boeken en ik hoop dat ik weer betrokken kan zijn."
De hierling fan AS Monaco is optein mei hoe't it giet de lêste wiken. "Na de winterstop stonden we even vijftiende en werd er zelfs gesproken over degradatie. Nu hebben we een mooi toetje. We hebben laten zien dat we een ploeg zijn en goed kunnen voetballen."
Dat kaam der tsjin Go Ahead Eagles hielendal út. "We kregen ook nog de steun van de supporters, dan komen we beter in ons spel."

Noppert

Yn it Abe Lenstra Stadion wie der snein dochs ien segrinige Fries: Andries Noppert, de doelman fan Go Ahead Eagles. "De passy en de striid wienen der net. Wy spilen as jonkjes, sy as grutte keardels. En sels gong ik ek noch de fout yn, dat is dan typearjend."
Foar Noppert en Go Ahead Eagles sit it seizoen der dêrom op. Grutte fraach is no wêr't de Jouster takom seizoen ûnder de latte stiet. Hy kin yn alle gefallen nei Cambuur en Hearrenfean ta.
"Ik ha myn kar makke. Mar ik sis tsjin elkenien: it is net om my om dat bekend te meitsjen, dat is oan de klup."
Hearrenfean liket goede papieren te hawwen: Noppert spile dêr al yn de jeugd en hy hat der noait in geheim fan makke dat it in dream wêze soe om werom te kommen. "Hearrenfean hat wat spesjaals. Mar ik sis dêrmei net dat ik dêrhinne gean."
Hy fielt 'm yn alle gefallen fereare dat der sa'n soad ynteresse is, want njonken de twa Fryske klups binne der noch folle mear dy't it wol yn de Fries sitten sjogge. "Mar ik moat mei twa fuotten op de grûn stean bliuwe. Ik folgje myn gefoel."