SportCast: "Hearrenfean moat de Conference League net helje wolle"

Yn Rotterdam rinne se de polonêze troch it finaleplak fan Feyenoord yn de Conference League. sc Hearrenfean soe dat toernoai fia de play-offs ek helje kinne, mar neffens sportferslachjouwer Arjen de Boer moat de klup dat net wolle.
As sc Hearrenfean as achtste einiget, giet it de play-offs yn en kin it in startbewiis foar de twadde foarronde fan de Conference League helje. "Dan moatte je aansen nei Bulgarije en meie je dêrnei nei Slowakije. It kostet allinnich mar jild, dat moatte je net wolle", fynt sportferslachjouwer Arjen de Boer.
Neffens De Boer leit der foar de Feansters in oare opjefte. "Hearrenfean kin him folle better rjochtsje op it smeien fan it hecht team."
Syn stânpunt kin lykwols net op folle stipe rekkenje yn de SportCast. Dennis van der Ree is assistint-trainer en fideo-analist fan Feyenoord, dat oer twa wiken de finale fan de Conference League spilet tsjin AS Roma. "Het is heel bijzonder om mee te maken", seit de âld-Cambuurspiler.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Van der Ree sjocht de positive punten wol fan it spyljen fan wedstriden yn de Conference League. "In het begin heb je tegenstanders die je niet zo goed kent, maar die wel redelijke elftallen zijn. Later in het toernooi kom je tegenstanders tegen waar je graag tegen wilt spelen."
Yn de heale finale fersloegen de Rotterdammers Olympique Marseille. Oer twa wiken is AS Roma de tsjinstanner yn de finale. "Je gaat in een hoog tempo door de wedstrijden heen en van veel wedstrijden spelen, word je beter", fynt Van der Ree.
Mar dat net allinnich. "Je speelt in verschillende omstandigheden en leert daaronder te presteren. Daarvan worden ze beter."

Bukke foar fleanende stiennen

Van der Ree belibbe lykwols ek eangstige mominten doe't se mei Feyenoord ferline wike yn Marseille fuotbalje moasten. "We reden op een weggetje waar ze aan het werk waren. Daar lagen allemaal stenen langs de weg", fertelt er.
"Ik zat achter Arne Slot en naast John de Wolf. Er vloog een steen door het raam vlakbij Arne zijn hoofd. Toen was het even bukken", seit Van der Ree, dy't in nije kontraktoanbieding fan Feyenoord yn beried hat. "Als assistent-trainer. Maar er verandert niet heel veel ten opzichte van dit jaar."