Johnny Jansen sjocht knetterjende Fryske derby net yn stadion: "Te pijnlijk"

Ald-trainer Johnny Jansen fan sc Hearrenfean hat snein de Fryske derby tusken syn âld-klup en SC Cambuur op syn eigen bank sjoen. Hy koe it noch net oer syn hert ferkrije om nei it Abe Lenstra Stadion te gean.
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en SC Cambuur wie in spektakelstik (3-3), dêr't Johnny Jansen thús op de bank bot fan genoten hat. It wie de earste wedstriid fan Hearrenfean nei syn ûntslach yn jannewaris dy't Jansen live sjoen hat. "Dit wilde ik zien. Ook omdat ik supporter ben van de club."

"Twijfelde om heen te gaan"

Hast hie de oarspronklik Noardwâldster de wedstriid yn it stadion sjoen. "Ik moet eerlijk zeggen dat ik twijfelde om erheen te gaan. Maar, dat mag je gerust weten, dat was nog te pijnlijk. Ik heb de keuze gemaakt om thuis te kijken", fertelt Jansen.
Hy seach der tsjinop om bekenden te treffen en oan eltsenien fertelle te moatten hoe't it mei him giet. "En daar had ik nu nog niet zoveel zin in", seit Jansen earlik. "Maar het gaat zeker goed. Ik heb natuurlijk wel een tikje gehad."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De 47-jierrige Jansen is fansels noch altyd fuotbaltrainer, al hat er no gjin wurk. Hoe seach hy nei de Fryske twastriid? "De eerste helft vond ik Heerenveen beter en makkelijker voetballen."
"Cambuur had moeite de druk te krijgen op de drie centrale verdedigers, met name wanneer Dresevic het middenveld inschoof. En durven de backs van Cambuur door te dekken op die van Heerenveen? Die keuzes had Cambuur het lastig mee", analysearret Jansen.
Het was hartstikke mooi.
Johnny Jansen geniete fan de Fryske derby
De twadde helte wie it oars. "Dan zie je dat Cambuur beter is. Tot aan de 2-2 voetbalde het makkelijker. De backs van Heerenveen durfden ook niet altijd door te dekken. Cambuur hield langer de bal en had het overwicht", seach Jansen. "Na de 2-2 werd het rennen, vliegen en draven."
It einoardiel fan Jansen wie tige posityf. Hy seach fanút syn wenplak Grins in derby wêryn't reklame makke waard foar it fuotbal. "En voor alle supporters van Cambuur en Heerenveen. Het was hartstikke mooi."