Gjin winner nei spektakulêre Fryske derby: 3-3 yn de lêste minuten

Nei in spannende wedstriid is de Fryske derby tusken sc Hearrenfean en SC Cambuur einige yn 3-3. It publyk waard goed fermakke: beide ploegen spilen oanfallend en krigen in protte kânsen.
Roberts Uldrikis en Sven van Beek © Orange Pictures
By Hearrenfean hienen Milan van Ewijk en Ibrahim Dresevic wer in basisplak. De wedstriid tsjin AZ fan ôfrûne wike moasten se misse. By Cambuur stie Sonny Stevens op doel yn stee fan Pieter Bos. David Sambissa wie de ferfanger fan de skorste linksback Sekou Sylla.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Bakker, Dresevic, Woudenberg; Haye, Halilovic, Tahiri; Van Hooijdonk en Sarr.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Hoedemakers, Jacobs, Maulun; Joosten, Uldrikis en Kallon.
Hearrenfean begûn geweldich oan de wedstriid. Thom Haye joech de bal yn de twadde minút goed foar op Anas Tahiri. De middenfjilder naam de bal yn ien kear op de pantoffel en skeat him spikerhurd binnen: 1-0.
Tahiri makke de iepeningstreffer foar Hearrenfean © Orange Pictures
Nei in minút of tsien kaam Cambuur der wat mear út. Dat waard fuort beleanne mei in doelpunt. Patrick Joosten joech in foarset op Roberts Uldrikis. De Let koe tusken de Hearrenfeanferdigeners ûnbehindere de bal deryn koppe: 1-1.

Heech tempo

Dêrnei wie it wer oan Hearrenfean. Amin Sarr krige de bal yn it strafskopgebiet en lei de bal werom op Tibor Halilovic. De middenfjilder skeat de bal mar krekt njonken. It tempo lei heech en beide ploegen sochten de oanfal. Cambuur wie gefaarlik mei in kopbal fan Uldrikis en foar Hearrenfean skeat Sarr oer de goal.
Nei in lyts healoere fearre it stadion op, want Sydney van Hooijdonk skeat de bal tsjin de touwen. De spits fan Hearrenfean stie lykwols bûtenspul en dus gie it feest net troch.
Mar Van Hooijdonk koe efkes letter wol de hannen yn de loft stekke. Yn de 34ste minút kopte hy in frije traap fan Haye kreas binnen, al kinne je wol fraachtekens sette by it minne ferdigenjen fan de Ljouwerters.
Hearrenfean bliid nei de 2-1 © Orange Pictures
Nei it skoft moast Cambuur op syk nei de lykmakker. De Ljouwerters namen it inisjatyf yn hannen, sûnder hiel driigjend te wurden.

Maulun benut strafskop

Cambuur fuotballe hieltyd better en kânsen koenen net útbliuwe. Uldrikis wie der al hiel tichteby mei in kopbal tsjin de latte, mar efkes letter wie it wol raak. Cambuur krige in penalty nei in oertrêding fan ynfaller Joost van Aken. Robin Maulun skeat it bûtenkânske behearske binnen: 2-2.
Robin Maulun nei syn doelpunt © Orange Pictures
Yn de slotfaze gie it duel alle kanten op, al krige Hearrenfean de bêste mooglikheden. Haye skeat mar krekt oer en Sarr wie ek nochris tichteby, mar de bal woe der net yn.
Djip yn blessueretiid kaam Cambuur der noch ien kear út. De bal kaam oan de rjochterkant terjochte by Mitchel Paulissen. De ynfaller skeat de bal hurd binnen: 2-3. Mar it wie noch net dien: Hearrenfean smiet de bal nochris foar de goal, de bal kaam by Van Aken en dy tikke fan tichteby de bal efter Stevens: 3-3.
Sa kaam der gjin winner út dizze spektakulêre Fryske derby.