sc Hearrenfean-oanfaller Sydney van Hooijdonk ûnwis oer syn takomst

De wedstriid sneintemiddei tsjin Go Ahead Eagles soe samar ris de lêste wedstriid fan Sydney van Hooijdonk wêze kinne foar sc Hearrenfean. Al sjocht hy it sels wol sitten om noch in jier te bliuwen. "Voor mij is Heerenveen een goede optie."
Sydney van Hooijdonk oer syn takomst:
"Ik heb gesproken met Ferry de Haan en daarin hebben we gezegd dat het voor ons allebei een goede optie is dat ik hier blijf. Maar er zijn nou eenmaal meer partijen bij betrokken", seit Van Hooijdonk. "Volgende week ga ik met Bologna praten en Heerenveen gaat dat ook doen. De nieuwe trainer (Kees van Wonderen) speelt daar ook een belangrijke rol in. Dus daar zal de komende weken wel meer duidelijkheid over komen."

Oerstap

Sydney van Hooijdonk makke yn de simmer fan 2021 de oerstap fan NAC Breda nei de 'Serie A'-klup Bologna, dêr't hy in 4-jierrich kontrakt tekene hat. Yn totaal hat hy dit seizoen fiif kear meidien by Bologna, wêrnei't er yn de winterstop nei Hearrenfean gie. Yn prinsipe giet Van Hooijdonk nei dit seizoen werom nei Noard-Italië.
Ik heb al mijn doelpunten thuis gemaakt. Dus dat is een goed voorteken.
Sydney van Hooijdonk oer de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles
"Het is niet makkelijk", seit Van Hooijdonk, "Sommige jongens liggen hier nog drie jaar vast en die weten dat ze straks weer op de 25ste beginnen met de eerste training. Voor mij is dat anders. Ik weet het echt niet. Ga ik bij Bologna voetballen, of in Heerenveen of ergens anders in Italië? We gaan het zien."
"Bologna heeft altijd gezegd dat ik er in het derde seizoen echt moet staan, maar je weet nooit hoe het loopt. Wie gaan er weg, wie komen erbij. Ik ga er in ieder geval vanuit dat ik de voorbereiding doe bij Bologna, dan zie ik ook wat daar mijn kansen zijn."
Hearrenfean spilet sneintemiddei tsjin de nûmer 10 fan de earedivyzje: Go Ahead Eagles. It duel wurdt streekrjocht útstjoerd op Omrop Fryslân Radio en it kommentaar komt fan Arjen de Boer. Tagelyk spilet SC Cambuur de útwedstriid tsjin FC Groningen, dêr't Andor Faber sit.
Yn 12 kompetysjewedstriden dy't Van Hooijdonk spile, makke hy 4 doelpunten en hie hy ien assist. Van Hooijdonk skoart benammen yn it eigen Abe Lenstra stadion. "Volgens mij heb ik al mijn doelpunten thuis gemaakt. Dat is in ieder geval een goed voorteken voor de wedstrijd tegen Go Ahead."