Hearrenfean-trainer Tobiasen: "Ongelooflijk dat we nog meedoen om plek acht"

Op de lêste dei fan de kompetysje binne der noch fiif klups yn 'e race foar plak acht en dus play-offs foar Europeesk fuotbal. Mar Hearrenfean-trainer Ole Tobiasen is realistysk: "NEC is favoriet."
"We hebben met z'n allen het tij kunnen keren", seit Tobiasen:
Hearrenfean is noch folop yn 'e race om Europeesk fuotbal, mar hat it net mear yn eigen hân. NEC hat de bêste papieren. De ploech út Nijmegen hat likefolle punten as sc Hearrenfean, mar wol in better doelsaldo (+2).
NEC spilet tsjin Fortuna Sittard, mar dy ploech moat der noch fol foar gean yn de striid tsjin degradaasje. As de Limboargers ferlieze, soene se noch direkt degradearje kinne. Ek Go Ahead Eagles en SC Cambuur meitsje noch kâns op it achtste plak, lykas FC Grins.
Tobiasen: "We hebben dit seizoen echt in een hele zware fase gezeten. Maar we hebben met z'n allen de rust bewaard, want iedereen keek toch met een schuin oog naar beneden. Al heb ik er gelukkig niet slecht om geslapen."
De mensen lachen weer.
Ole Tobiasen
"We hebben ook altijd een kleine buffer gehad richting de degradatiezone. En langzaam pakten we daarna weer wat punten", seit Tobiasen. "Dat zorgt voor vertrouwen en voor een goede sfeer in de kleedkamer en in het stadion. De mensen lachen weer en het is mooi dat we het seizoen zo kunnen afsluiten. Ik ben heel erg trots dat we met z'n allen het tij hebben kunnen keren."
Ole Tobiasen © Orange Pictures
By de wedstriid tsjin Go Ahead lit Tobiasen him ynformearje oer de tuskenstannen by de oare wedstriden. "We houden continue in de gaten wat er op de andere velden gebeurt, want misschien hebben we wel aan één punt genoeg. Dat zou ook nog kunnen. Of als NEC met 1-0 voorstaat en wij met 3-0, dan kan ik in de slotfase nog alles of niets spelen."
It ôfrûne seizoen hat foar Hearrenfean in achtbaan oan emoasjes west. Nei in minne searje waard Johnny Jansen yn jannewaris op strjitte set en naam syn assistint Ole Tobiasen it oer. De earste fjouwer wedstriden bleau dat sûnder resultaat en wie der serieus sprake fan degradaasjegefaar.

Nij systeem

Yn de útwedstriid tsjin RKC Waalwyk yntrodusearre Tobiasen in nij systeem mei fiif ferdigeners. Dat soarge foar in solide basis en hie as winske effekt dat Hearrenfean hast gjin doelpunten mear tsjin krige. Sa garret Hearrenfean de punten byinoar.
Stadichoan kaam der ek mear schwung yn de ploech, mei in oerwinning op FC Groningen (3-1) en in knotsgekke Fryske derby tsjin Cambuur (3-3) as hichtepunten. Beide kearen wie de amusemintswearde heech, wat oan it begjin fan dit seizoen ien fan de doelstellingen wie.
Sa draaide it sentimint yn it Abe Lenstra stadion 180 graden de oare kant op: fan lamliddich degradaasjefuotbal, fia deeglik betonfuotbal, no sprankeljend rjochting Europeesk fuotbal.
Hearrenfean spilet sneintemiddei tsjin de nûmer 10 fan de earedivyzje: Go Ahead Eagles. It duel wurdt streekrjocht útsjoerd op Omrop Fryslân Radio en it kommentaar komt fan Arjen de Boer. Tagelyk spilet SC Cambuur de útwedstriid tsjin FC Groningen, dêr sit Andor Faber.
Trainer fan Go Ahead is Kees van Wonderen dy't nei de simmer de oerstap nei Hearrenfean makket. Foar Tobiasen makket dat net safolle út, al is hy wol benijd hoe't Go Ahead spylje sil.
"Is het 4-4-2, spelen ze 4-3-3 of gaan ze 5-3-2 spelen? Ik verwacht in ieder geval een kleine schaakwedstrijd", seit Tobiasen. "Maar wij willen er in ieder geval weer een feest van maken met de supporters. Zij hebben ons het hele seizoen gesteund en het zou mooi zijn als we het kunnen afsluiten met een overwinning. Dan zien we daarna wel op welke plek we staan."