Hearrenfean docht Noppert kontraktoanbieding, Mulder lilk oer gong fan saken

Sportklup Hearrenfean hat keeper Andries Noppert in kontraktoanbieding dien. Underwilens is it kontrakt fan Erwin Mulder net ferlinge en hy is net bliid oer hoe't dat gien is.
Andries Noppert yn it shirt fan Go Ahead Eagles © Orange Pictures
Woensdei is Noppert al medysk keurd by SC Cambuur, mar dat betsjut noch net hy dêr ek in kontrakt tekene hat.
Neffens de technysk manager fan Sportklup Hearrenfean hat de klup Noppert hjoed (freed) in kontrakt oanbean. Noppert hat nei eigen sizzen in petear hân mei Hearrenfean, Cambuur, Go Ahead Eagles en der komt noch in petear mei in fjirde klup. Dêrnei makket hy in kar.

Mulder tocht dat hy in nij kontrakt krije soe

Erwin Mulder krige dizze wike fan technysk manager Ferry de Haan te hearren dat Hearrenfean syn kontrakt net ferlingje wol. Dat hie Mulder sels leaver oars hân. "Ja, ik heb het hier goed naar mijn zin. Maar de club ziet dat anders, dus daar heb ik mij in te schikken."
Erwin Mulder:
Oer de wize wêrop is Mulder min te sprekken. "Ze hebben formeel mijn contract opgezegd en tegen mij gezegd dat we nog in gesprek zouden gaan. Toen zaten we in een moeilijke periode. Mede dankzij mij, en natuurlijk het team, hebben we de magische 34 punten gehaald", stelt Mulder.
"Er zou op een later tijdstip een gesprek volgen en dat is eigenlijk niet gebeurd. De manier waarop het gegaan is, had ik anders gedaan. De manier van communiceren, duidelijkheid geven."

Play-offs noch realistysk

Hearrenfean spilet snein út tsjin Vitesse, woansdei tsjin Ajax yn Amsterdam en Hearrenfean slút it seizoen ôf tsjin Go Ahead Eagles yn it eigen Abe Lenstra Stadion. Der binne mar leafst sân klups dy't noch kâns meitsje op it heljen fan it achtste plak.
Dat plak jout rjocht op de play-offs. "Het geloof is er zeker. Ik denk dat alle spelers vertrouwen hebben dat we het kunnen halen."
Erwin Mulder oer de ein fan dit seizoen:
"Natuurlijk is het zwaar, maar we weten wat onze kwaliteiten zijn. We hebben tegen AZ ook een goede eerste helft gespeeld en onnodig verloren. Dus dan kunnen we dat ook tegen Vitesse, Ajax of Go Ahead Eagles."

Jeugdspilers tekenje kontrakt

Jeugdspilers Xavi Woudstra en Isaiah Ahmed ha freed in kontrakt tekene. Woudstra is 17 jier en hat al spile foar Oranje ûnder 17 en 18. Hy kaam ferline jier oer fan Ajax. Ahmed kaam fan Alphense Boys nei Hearrenfean. Hy is 16 jier en spilet benammen op it middenfjild.