Doelman Noppert ticht by transfer nei Cambuur
Andries Noppert liket op wei nei SC Cambuur. De keeper wurdt hjoed medysk keurd by de Ljouwerters.
It kontrakt fan de Jouster by Go Ahead Eagles rint nei dit seizoen ôf. Dêrtroch kin er fergees oerstappe nei in oare klup. Dat liket Cambuur te wurden, as er de keuring goed troch stiet.
Noppert hie wat te kiezen: hy hat op petear west by sc Hearrenfean en koe bliuwe by Go Ahead. Frjemd is dat net, want Noppert makket yndruk by de klup út Deventer.
De komst fan Noppert nei Cambuur soe betsjutte dat Sonny Stevens fuort giet nei dit seizoen. Hy hat in ôfrinnend kontrakt yn Ljouwert en krige fan de klup in foarstel ta ferlinging. Mar fraach en oanbod lizze te fier útinoar, joech technysk manager Foeke Booy fan Cambuur earder al oan.
"Het loopt nog"
Booy wol net al te folle sizze oer de komst fan Noppert. "Ik kan het bevestigen noch ontkennen. Het loopt nog", binne de wurden fan de Ljouwerter.
Yn Ljouwert moat Noppert de konkurrinsje oangean mei Pieter Bos. Se kenne inoar, want earder keepten se mei-inoar yn de jeugd fan Hearrenfean.