Sydney van Hooijdonk kopt Hearrenfean nei Europeeske play-offs

Sportklup Hearrenfean giet de play-offs yn om Europeesk fuotbal. De Friezen wûnen thús mei 3-1 fan Go Ahead Eagles en dat wie genôch om plak 8 te bemachtigjen.
Trainer Ole Tobiasen © Orange Pictures
Foarôfgeand oan de lêste spylronde yn de earedivyzje hie NEC de bêste papieren. Dy klup stie achtste, mei likefolle punten mar in better doelsaldo as Hearrenfean. Mar NEC ferlear thús fan Fortuna Sittard.
Omdat Hearrenfean wol wûn, giet de ploech fan Ole Tobiasen no de play-offs yn. Dêryn treft Hearrenfean yn de earste ronde AZ.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Woudenberg, Kaib; Haye, Halilovic, Tahiri; Van Hooijdonk, Sarr
Yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles, fan takomstich haadtrainer Kees van Wonderen, begûn Hearrenfean sterk. Kânsen fan Tibor Halilovic en Amin Sarr smieten lykwols noch gjin goals op.
Der wie ien ploech dy't fuotballe yn de iepeningsfaze en dat wie Hearrenfean. De thúsploech hie de folsleine kontrôle en kaam nei in healoere terjochte op foarsprong.
Halilovic profitearre fan min útferdigenjen by Go Ahead Eagles. De Kroäat sette foar op Sarr, dy't mei de holle syn kompaan yn de oanfal fûn: Sydney van Hooijdonk. Foar him wie it in kâld keunstke om de 1-0 binnen te koppen.
Sydney van Hooijdonk © ANP
Yn it ferfolch fan de earste helte krige Sarr opnij in kâns, syn skot waard blokt troch de definsje fan de Eagles. Oan de oare kant barde itselde mei in skot fan Isac Lidberg. Dat wie it earste kânske foar de ploech út Deventer.

Opnij kopgoal

Nei it skoft wie it wer hiel aardich wat it publyk yn it Abe Lenstra Stadion te sjen krige. Go Ahead Eagles begûn wat better, mar dêrnei wie it dochs wer Hearrenfean mei de kânsen. Sa waard in skot fan Milan van Ewijk blokt. En nei in counter kaam Thom Haye krekt tekoart.
Dyselde Haye stie even letter oan de basis fan de 2-0. Fan eigen helte ôf steamde er op oer de rjochterkant. Mei syn foarset berikte er Van Hooijdonk, dy't syn twadde kopgoal makke.
Yn de slotfaze waard it feest kompleet foar Hearrenfean, doe't Anthony Musaba syn alderearste goal foar Hearrenfean makke. Dêr gong wol in flater fan de Jouster Go Ahead-doelman Andries Noppert oan foarôf.
Anthony Musaba fiert syn earste goal foar Hearrenfean © Orange Pictures
De trije punten wienen binnen. Jacob Mulenga die in minút foar tiid noch wol wat werom foar Go Ahead Eagles (3-1), mar spannend waard it net mear.

Play-offs

Hearrenfean giet no dus de play-offs yn om in ticket foar de foarronde fan de Conference League. Dan moatte de Friezen twa rondes oerlibje. Yn de earste ronde is AZ de tsijnstanner.
Kommende tongersdei spilet Hearrenfean thús tsjin AZ, snein 22 maaie is yn Alkmaar de return.