Cambuur wint yn Grins en einiget yn linkerrychje

SC Cambuur hat it seizoen ôfsletten mei in oerwinning op Grins. Yn de Euroborg waard it 2-3 en dêrtroch einiget Cambuur as njoggende.
Cambuur fiert de 0-2 fan Mees Hoedemakers © Orange Pictures
Cambuur hie noch mar ien kear wûn nei de winterstop, ein febrewaris thús tsjin Fortuna Sittard. De ôfrûne wiken pakten de Ljouwerters noch wol geregeld in puntsje. Sa waard it woansdei noch 1-1 tsjin Willem II.
Dêrmei spile Cambuur him definityf feilich en dus koe tsjin Grins frijút fuotballe wurde. Allinnich teoretysk hie Cambuur noch in kânske op de Europeeske play-offs.
Opstelling Cambuur: Stevens; Schmidt, Tol, Schouten, Sylla; Breij, Hoedemakers, Maulun; Paulissen, Uldrikis, Kallon
De Ljouwerters begûnen sterk. Linksback Sylla krige in moaie kâns, syn skot waard keard troch Grins-keeper Peter Leeuwenburgh. Dy joech dêrby wol in corner fuort.
Mei Robin Maulun achter de bal binne dy wol gauris gefaarlik en dat wie no wer sa. De Frânskman fûn de holle fan spits Roberts Uldrikis foar de earste peal. De Let kopte Cambuur knap op 0-1.

Goals, goals, goals

In lytse fiif minuten nei it skoft ferdûbele Mees Hoedemakers de foarsprong foar Cambuur. Issa Kallon brocht de bal by de middenfjilder, dy't op de râne fan it strafskopgebiet in drûge skower ôffjoerde op it doel fan Leeuwenburgh. Dy koe der net by.
Om kâns te meitsjen op in play-offticket om Europeesk fuotbal, moast Cambuur mei minstens trije goals ferskil winne fan Grins. Yn de 58e minút waard dat in stik dreger. Jørgen Strand Larsen draaide knap fuort by Marco Tol en skeat Grins nei 1-2.
Net folle letter wie de marzje dochs wer twa. Bjorn Meijer hold Mitchel Paulissen fêst en skiedsrjochter Dieperink wiisde nei de stip. Yn syn lêste westriid makke Issa Kallon der 1-3 fan. Net folle letter wie er sels ticht by de 1-4, mar doe skeat er hurd oer.
Issa Kallon fiert syn goal mei Michael Breij en Robin Maulun © Orange Pictures
Yn de slotfaze fierde ynterim-trainer Dennis Haar noch wat wikselingen troch. Omdat Hearrenfean op dat stuit de oerwinning op Go Ahead Eagles ek wol sa goed as binnen hie, wienen de kânsen op play-offs foar Cambuur fersjoen.
Romano Postema makke yn blessueretiid noch de 2-3 en brocht dêrmei even de spanning werom, mar Cambuur oerlibbe de blessueretiid en hold de foarsprong fêst.
Supporters fan Cambuur yn de Euroborg © Orange Pictures
Cambuur slút it earste earedivyzjeseizoen sûnt 2015/2016 ôf op it njoggende plak. Dat is it bêste einresultaat ea foar de Ljouwerters op it heechste nivo.