Koartlyn ûntdutsen brevetten fan kapitein Boers foar Kazemattemuseum

It Kazemattemuseum is yn it besit kaam fan trije unike militêre brevetten. Se stean op namme fan kapitein Christiaan Boers, dy't yn maaie 1940 kommandant wie fan de stelling Koarnwertersân.
Guus Boers by de brevetten fan syn pake © Omrop Fryslân, René Koster
Pakesizzer Guus Boers oerlange de dokuminten woansdei, flak foar de 4 maaie-betinking, oan foarsitter Kees Terwisscha van Scheltinga fan it museum.
De brevetten binne in soarte militêre diploma's dy't kapitein Boers oan it begjin fan syn militêre karriêre behelle hat. De âldste is fan 1910.
Guus Boers fertelt hoe't de stikken derút sjogge
Hiel bysûnder is de wize wêrop't dizze brevetten foar it ljocht kamen. Guus Boers waard belle troch minsken yn Amersfoort, dy't yn it hûs wenje dêr't kapitein Boers flak foar de oarloch wenne.
"Ze wilden op zolder een nieuw kamertje maken. Bij die werkzaamheden vonden ze een rolletje papier. En de man had geprobeerd om dat papier open te maken, maar het brak gelijk. Hij kon nog net zien dat de naam Boers erop stond."
Om't in stroffelstien foar it hûs oanjout dat kapitein Boers dêr wenne hat, wist de bewenner om wa't it gean moast. De stikken binne oerdroegen oan de famylje.
Ien fan de brevetten © Omrop Fryslân, René Koster
De famylje hat de dokuminten dêrnei oan eksperts jûn. "Ze zijn eerst in een klimaatkamer op vochtigheid gebracht en daarna hebben ze het heel voorzichtig opengerold. Het was nog even spannend hoe de inkt zich zou houden, maar het ziet er nog heel goed uit."
Under lieding fan kapitein Christiaan Boers holden 225 Nederlânske militêren yn maaie 1940 by de Slach om de Ofslútdyk 17.000 Dútske soldaten tsjin by de Kazematten fan Koarnwertersân.
Se lieten de fijân opkomme oer de Ofslútdyk. Doe't dy op 800 meter stie, iepenen de Nederlânske militêren it fjoer. De Dútske soldaten wisten net hoe gau't se fuort komme moasten.
En no oerlanget de famylje de stikken dus oan it Kazemattemuseum, dêr't se in plakje krije. It plak is wichtich foar de famylje, fanwegen de skiednis fan de pake fan Guus Boers.
"We komen hier elk jaar, dit is een heel dierbare plaats. Toen mijn vader overleed, hebben we toestemming gekregen om hem hier uit te strooien, bij de kazenmat waar mijn opa gediend heeft."
De deadebetinking op Koarnwertersân © Omrop Fryslân, René Koster
Kapitein Boers kaam nei de kapitulaasje yn it ferset en waard doe troch de Dútsers oppakt. Op 3 maaie 1942 is er yn Oranienburg fusillearre.
"Van mijn opa is er geen graf, hij is verdwenen in het niets", seit Boers. "Hier, in Kornwerderzand, is de laatste plaats waar we hem kunnen vinden."