Omrop Fryslân

Betinkingen yn Fryslân: in soad omtinken foar Oekraïne, 'ús eigen skiednis'

Rûnom yn Fryslân wiene woansdei betinkingen. Der waard net allinne stilstien by de minsken dy't yn de Twadde Wrâldoarloch omkamen, der wie ek omtinken foar de oarloch yn Oekraïne.
De deadebetinking yn Aldegea (Sm.), mei in krânslizzing by it grêf fan fersetsman Wilt Kooistra
© Omrop Fryslân, Karen Bies
"Weer houdt een oorlog de wereld in zijn greep," sei boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert op de provinsjale deadebetinking yn de Prinsetún. "Misschien waren vrijheid en vrede in onze hoofden stiekem toch iets te vanzelfsprekend geworden."
Neffens Buma litte de flechtlingen sjen wat it betsjut as frijheid ferdwynt en plak makket foar oarloch.
De provinsjale deadebetinking yn Ljouwert:
"We staan hier vandaag samen rondom ons Friese oorlogsmonument. We doen dat samen met Oekraïners, Syriërs, Afghanen en andere vluchtelingen die in onze provincie veiligheid hebben gevonden. Zij herdenken met ons."
Us lângenoaten dy't de oarloch meimakken, binne der oant de dei fan hjoed noch mei dwaande, sei Buma. "Tachtig jaar later. Bedenk wat dat betekent voor de Oekraïense kinderen van nu in Charkov en Marioepol. Ook zij zullen de rest van hun leven met deze oorlogen bezig zijn."
Boargemaster Sybrand Buma nei ôfrin fan de betinking
In oarloch hâldt noch net fuortendaalks op as it dien is mei it wapengekletter, jout hy oan. "Vrijheid moeten we verdedigen voor elkaar."
De deadebetinking op Koarnwertersân wie in yndrukwekkend gesicht
© Omrop Fryslân, René Koster
Boargemaster Fred Veenstra slút him dêr yn syn taspraak by oan. "In ons land leven we in vrijheid, hoe broos die nu ook is, en we voelen ons nu verbonden met de Oekraïners. Ik sprak een aantal van hen. Die verhalen kwamen bij mij binnen."
De bylden út it Easten fan Europa dogge him oan de Twadde Wrâldoarloch tinken. "Ze komen deze weken bij elkaar. Oorlog en vrede zijn plotseling weer heel belangrijke thema's."
De betinking op It Amelân
© Jeanet de Jong
Yn gemeente Hearrenfean wiisde boargemaster Tjeerd van der Zwan der op dat der hieltyd minder tsjûgen binne dy't út eigen ûnderfining fertelle kinne oer de Twadde Wrâldoarloch.
Mar de ferhalen fan Oekraïne binne der wol. "De verhalen van de kinderen lijken soms op verhalen die kinderen hier in de oorlog meemaakten. Gescheiden van hun ouders, haastig in veiligheid gebracht bij wildvreemden."
In ympresje fan de deadebetinking yn Harns:
Van der Zwan hopet dat ien ding net bart: "Het ergste wat ons nu kan overkomen is dat we na een tijd wat onverschillig worden. Dat we, door de vele beelden die we zien, door de dagelijkse confrontatie met geweld en onderdrukking, immuun raken voor menselijk oorlogsleed."
Deadebetinking yn Sumar, by it monumint De Molkbus
© RTV NOF, Mats Gies
Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân fynt ek dat it konflikt 'ús net kâld litte moat en mei.' "Men soe dy realiteit ûntkenne wolle. Om mar gau oer yts oars te begjinnen. En fuort te sjen. En sizze: it boeit my net."
Mar dat soe neffens Kramer ferkeard wêze. "Wy sil ús eigen skiednis ûnder eagen komme moatte en trochfertale nei hjoed den dei. Wy moatte ek no opkomme foar rjocht en frijheid."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.