Roas (17) spilet op de bernebetinking: "Dit jier hat it ekstra betsjutting"

Foar ien famke út Fryslân is de deadebetinking dit jier ekstra bysûnder. De 17-jierrige Roas Kuipers fan Hurdegaryp mei op de Nationale Kinderherdenking yn Madurodam spylje.
Roas Kuipers oefenet noch drok foar de taptoe:
Roas spilet trompet. Foar de betinking hat sy al in soad repetearre. "Ik tink dat ik der hielendal klear foar bin. Ik haw my goed taret, dus dan moat it goedkomme. It iennichste watst dwaan kinst is goed oefenje. Dan heart it gewoan te kinnen."

28 meter heech

Mar spannend is it wol, want Roas spilet op in spesjaal plak. "Ik stean op de fjoertoer, by de yngong fan Madurodam. It is wol heech, ik leau sa'n 28 meter. Ik kom ek mei sekeringen fêst te sitten. It is wol spannend. Je wolle it wol goed dwaan."
Roas Kuipers fan Hurdegaryp © Esther Leystra
Sy is frege foar de betinking om't sy wol prizen wûn hat op de regionale finale fan it Prinses Christina Concours. "Ik fyn it in eare om dit spylje te meien."

Ekstra lading fanwege Oekraïne

It spyljen op de betinking fan de oarloch hat neffens Roas dit jier ekstra betsjutting, fanwegen de ynfal fan Ruslân yn Oekraïne.
Dêr wurdt dan ek spesjaal omtinken oan jûn op de bernebetinking. Roas: "Der is in berntsje út Oekraïne dy't wat fertelle sil oer hoe't it libben yn oarloch der út sjocht. Sa kinne bern har der ek wat by foarstelle. Uteinlik folget de taptoe en de twa minuten stilte."