Besjoch de hichtepunten fan it Bevrijdingsfestival op it Noardewyn Poadium

Hast 100.000 minsken ha tongersdei de frijheid fierd op it Bevrijdingsfestival yn Ljouwert. Op Noardewyn Live-poadium stienen ûnder oare it Orkest Koninklijke Luchtmacht, De Hûnekop en De Doelleazen.
Sjoch hjir nei de hichtepunten:
De offisjele iepening fan it Bevrijdingsfestival Fryslân wie om 13.00 oere op it poadium fan Omrop Fryslân op it Saailân yn Ljouwert. Yn de jûn waard it sels sa drok, dat der gjinien mear by koe op it plein.
In protte Friezen ha dêrom de optredens fan De Hûnekop en De Doelleazen sels op telefyzje sjoen, yn stee fan op it plein.
De organisaasje sprekt fan in grut sukses. "Dit keer konden we weer vol met publiek de vrijheid vieren en dat is, denk ik, hartstikke mooi gelukt", seit de nije foarsitter Frank de Vries.