Bevrijdingsfestival Fryslân lûkt 95.000 besikers nei Ljouwert

It Bevrijdingsfestival Fryslân yn Ljouwert hat 95.000 besikers lutsen. Der wie "een fantastische sfeer, in een bruisende stad", seit foarsitter Frank de Vries fan de organisaasje.
Publyk op it Bevrijdingsfestival Fryslân yn Ljouwert © Lucas Kemper
It Omrop Fryslân Noardewynpoadium op it Wilhelminaplein wie jûns koart ôfsletten fanwege it grutte oantal minsken, mar neffens de organisaasje, de feilichheidstsjinsten en de gemeente wie de drokte op Befrijingsdei yn de hiele stêd te behearskjen.
It festival begûn middeis mei it oanstekken fan it befrijingsfjoer troch boargemaster Sybrand Buma en ien fan de rinners dy't de fakkel fan Wageningen nei Ljouwert ta brochten. Op sân poadia wiene mear as fyftich acts te sjen. De Fryske ambassadeur Faske en de lanlike ambassadeurs Suzan & Freek sleaten it festival jûns ôf. Der wie de hiele dei ek rom omtinken foar de situaasje yn Oekraïne.
"We hebben twee aangepaste edities gehad. Dit keer konden we weer vol met publiek de vrijheid vieren en dat is, denk ik, hartstikke mooi gelukt", seit de nije foarsitter Frank de Vries fan it organisearjend komitee. Hy is de opfolger fan Jorrit Volkers, dy't tongersdei de earepinning fan de gemeente Ljouwert krige foar syn wurk foar it festival.
It festival yn Ljouwert wie, lykas oare jierren, fergees tagonklik foar elkenien. Neffens De Vries binne der ek gjin plannen om yn de takomst yntreejild te freegjen, sa as dat tongersdei yn Grins it gefal wie.
"Wij vinden het heel belangrijk dat het festival voor iedereen toegankelijk is, ongeacht je leeftijd, afkomst of wat dan ook. Dat is gewoon onderdeel van het festival voor ons. Daarom hebben we ook allerlei verschillende plekken waar voor jong tot oud een programma geproduceerd wordt en iedereen een plek heeft. Wij hebben geen plannen om aan entree te gaan werken."
Frank de Vries