Oekraïners betinke mei: "Oarlochspine sit 'm net yn taal of nasjonaliteit"
De deadebetinking kriget dit jier in ekstra diminsje troch de striid yn Oekraïne en de stream flechtelingen dy't dy oarloch op gong brocht hat. Oekraïnske famyljes betinke mei, mar mei mingde gefoelens.
Unskuldige bern en froulju stjerre troch de oarloch:
"De striid giet gewoan troch yn ús heitelân", seit Dariia Merkotan. Se wennet op it stuit mei har âlden op De Gordyk. "Jonge jongens sneuvelje, wy betinke harren en stean harren famyljes geastlik by. Wy witte hoe dreech as sy it hawwe."
De spanning is ek by har sels fielber. Har broer en oare famyljeleden binne noch yn Oekraïne, yn de stêd Cherkasy. "It loftalarm giet dêr om it healoere ôf. Der is in soad spanning."
"As jonkje nei de betinking"
De betinking hjir is net hiel oars as yn Oekraïne, seit Andriy Merkotan: "As jonkje al gie ik nei de monuminten ta foar de oarlochsbetinking. Dêr moete ik âlde, noch libjende feteranen. Wy stienen om harren hinne. Wy betochten de minsken dy't omkaam binne mei in minút stilte, blommen en kearskes. En sels no doch ik dat ek mei myn famylje."
De famylje Merkotan is bliid dat minsken ek stilstean by de striid yn Oekraïne.
"Dat is hel wichtich foar ús", seit Dariia. "Dat op sa'n dei minsken ek stilsteane by de situaasje yn Oekraïne. We tinke oan de jonge soldaten. Jonges fan krekt 18 jier âld dy't sneuvelje yn de striid mei de Russen. Dy betinke wy ek en dêr hâlde we ús ek stil foar jûn."
Trageedzje is oeral lyk
Har mem Svitlana follet oan: "Eltse oarloch is in trageedzje. De pine fan al dy minsken oer de hiele wrâld is gelyk. It sit 'm net yn taal of nasjonaliteit. It sit 'm yn it leed dat oarloch feroarsaket. Alle minsken dy't dat meimeitsje, hawwe deselde pine by ferlies. By ús komt dat no hurder oan omt it yn ús lân oarloch is. Dit is echt in pynlike dei. Dat is dit jier sa, mar ek alle jierren dy't noch komme."