Oekraynske Peasketradysjes: "Twa minsken besykje inoars aai stikken te slaan"

De wrâld fan de Oekraynske Dariya (17) stiet op syn kop. It iene momint is se studint yn Kiev, it oare momint sit se as flechtling yn Beetstersweach. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Diel 7: Oekraynske tradysjes mei Peaske.
© Omrop Fryslân
"Dizze snein wurdt Oekraïne Peaske fierd, in wike letter as dat Peaske fierd wurdt yn Nederlân. Ik wol jim yn dit deiboek jim meinimme yn ús tradysjes en de manier hoe't wy Peaske fiere yn Oekraïne.

Stil en rêstich foar Peaske

Foar de feestdei meitsje famyljes altyd in selsmakke peaskecake. Myn beppe makket altyd in hiel soad peaskecakes, sadat wy se de hiele wike ite kinne. Yn Oekraïne ha wy in leginde dat as it daai foar cake rize moat, dan moat de sfear yn hûs stil en rêstich wêze. As dat net bart, dan kin it daai skrikke.
It meast nijsgjirrige part foar de bern is dat se de cake fersiere meie en seane aaien fervje. Wy keapje altyd in hiel soad stikkers en ferve sadat de aaien kleurryk makke wurde kinne.
Wy gean mei ús famylje altyd nei de tsjerke om ús iten te seinigjen mei hillich wetter.
Dariya
Yn Oekraïne binne de measte minsken kristlik, dêrom gean wy mei ús famylje altyd nei de tsjerke om ús iten te seinigjen mei hillich wetter. Gewoanwei bringe wy kuorren mei de peaskecake, kleure aaien, ferskate soarten tsiis, woarsten en kearsen mei nei de tsjerke.
It wichtichste is net te iten foardat we nei tsjerke gean. Dêrom ite we al it seinige iten as wy thús komme as moarnsbrochje.
Wat wy ek noch dogge mei Peaske is in tradisjoneel spultsje mei aaien. Twa minsken moatte inoars aai besykje stikken te slaan en de winner is de persoan dêr't it aai net brutsen is.
Dariya en har heit dy't it 'aaispultsje' spylje © Omrop Fryslân
Op dizze peaskedei groetsje Oekraynske minsken inoar mei spesjale sinnen. De iene persoan seit dan: 'Kristus is opstien', dan jout de oare as reaksje 'Echt opstien'.
Ek ha wy de tradysje dat wy ús pake en beppe en oare famyljeleden op dizze dei sjogge. Us famylje makket ferskate gerjochten klear en sa binne we de hiele dei mei ús famylje te iten en te praten.
Tusken alle sirenen troch ha sy sels ferskate Peaskecakes makke en ha se in bytsje tiid mei mekoar trochbrocht.
Dariya
Dit jier koenen we Peaske net op ús tradisjonele wize fiere wêrtroch't wy ús drôvich fielden dat wy net thús wiene. Myn pake en beppe ha in soad foto's trochstjoerd fan hoe't sy dizze feestdei fierd ha mei myn broer yn Tsjerkasy.
Tusken alle sirenen troch ha sy sels ferskate peaskecakes makke en ha se in bytsje tiid mei mekoar trochbrocht.
De tradisjonele taarten dy't de beppe fan Dariya makke hat © Omrop Fryslân
Myn âlden en ik ha likegoed de Nederlânske as Oekraynske Peaske fierd mei ús gasthúshâlding en mei harren freonen. Wy ha in cake makke en dizze fersierd sa't we dat ek dwaan soene yn Oekraïne.
It waar wie dy dei hiel goed, it wie waarm mei in soad sinne. We ha de hiele dei spultsjes spile en praat mei oaren.
Wy binne tankber foar ús gasthúshâlding om safolle tiid mei ús troch te bringen op dizze wichtige feestdei. Sy ha echt holpen om ús thús fiele te litten, krekt as wiene wy yn Oekraïne.
Yn de tsjerke © Omrop Fryslân
Ek binne wie tige tankber foar alle frijwilligers foar de Oekraynske Peaske dy't der organisearre is yn de tsjerke.
Alle Oekraynske famyljes kamen dêr byinoar. We koenen mei-inoar bidde, ha tradisjoneel ferskes songen en hawwe gesellich mei-inoar praat."