Oekraynske bern yn Langwar nei doarpsskoalle: "Se kinne hjir gewoan hinne rinne"

Basisskoalle 't Swannestee fan Langwar jout les oan sân Oekraynske flechtlingen. Se binne opfongen yn Langwar en krije op de doarpsskoalle les yn ûnder oare Nederlânsk.
De bern begjinne it Nederlânsk stadichoan ûnder de knibbel te krijen:
In Oekraynske heit dy't yn Langwar sit mei syn bern, naam it inisjatyf om op de skoalle ôf te stappen. "Ferline wike tongersdei stie hjir in man op 'e stoepe en dy frege hoe't it hjir siet mei it ûnderwiis", seit direkteur Thijmen Krikke fan OBS 't Swannestee. "Hy hie in tal bern dat er graach nei skoalle ha woe. De man sei sels al dat er him foarstelle kin dat it net maklik te regeljen is."
Krikke besleat te beljen mei de gemeente De Fryske Marren. "Dy sei dat it ministearje der noch gjin belied foar hie. Wy woene se hiel graach opfange op eigen inisjatyf. De man hat hjir mei meardere húshâldingen del west en doe ha we sân bern op skoalle ferwolkomme."
Direkteur Thijmen Krikke fan basisskoalle 't Swannestee © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
"Wy hawwe frijwilligers út it doarp frege oft se ús assistearje wolle", seit Krikke, "Dat binne pensjonearre juffen en masters. Dat woene se wol en sa binne we ôfrûne woansdei mei it ûnderwiis begûn. De bern krije hjoed bygelyks topografy en Nederlânske les."

Soad stipe

De flechtlingen krije yn en bûten de skoalle om in soad stipe út it doarp. Krikke: "Tongersdeitejûn hiene we in gearkomste, dêr kamen 25 minsken op ôf. It is hertferwaarmjend om te sjen mei watfoar ideeën minsken komme. Tink bygelyks oan in boadskippeservice of autoritsjes."
"Ik tink dat it ek komt út it ferline. Oant tritich jier lyn hawwe wy hjir in asylsikerssintrum hân. Dêr koene ynwenners fan Langwar op ôfkomme om te helpen. Minsken út it doarp hawwe oant op de dei fan hjoed noch kontakt mei dy minsken. It idee libbet hiel bot dat we dat no noch in kear dwaan kinne", seit Krikke.
De Oekraynske Sasha, Sophia en Nazar krije les yn Langwar © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De skoalle hat lesmateriaal en guod lykas potleaden, boeken en boartersguod krigen fan ûnderwiisbedriuwen en doarpsgenoaten: "Ik fyn dat se sa ticht mooglik by harren opfangplak ûnderwiis folgje moatte", seit de direkteur. "Se kinne hjir gewoan hinne rinne, heit en mem bringe se gewoan nei it stek ta. Middeis wurde de bern wer ophelle. Krekt as yn de thússituaasje, dat is hiel wichtich."
De skoalle hat in lokaal oer dêr't bern yn prinsipe langere tiid les krije kinne. Oft dat mooglik is, wit Krikke noch net, mar hy hopet it wol. "We moatte dizze bern net direkt yn in buske nei in skoalle yn bygelyks Balk stjoere. Earst mar efkes de rêst hjir op sa'n lytse skoalle tichteby. En wa wit bliuwe se hjir wol langer as in pear dagen."
Oekraynske flechtlingen komme lâns op skoalle © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Wat der ek bart, neffens Krikke is it no it wichtichst dat de bern boartsje kinne mei bern út it doarp en even de soargen ferjitte kinne. "Ik sjoch wer in laits op de gesichten fan de bern. Ast dit sjochst, doch it foaral ek yn dyn eigen doarp as it mooglik is. Fang de bern op. Want je sjogge echt in grutte gniis of in grutte glim op it gesicht fan dizze bern. Lit se lekker spylje, lit se lekker genietsje fan har moaie tiid dy't we se hjir op skoalle jaan kinne."

Lûden fan bommen

Heit Najib Bakkali is tige tankber mei alle stipe út it doarp. Njonken skoalle wurde bygelyks ek in boadskippeservice en autokes oanbean. Neffens Bakkali kinne âlden en bern hjirtroch de aaklike oantinkens efkes ferjitte.
"Se hearden de lûden fan bommen en sa. We moasten fertelle dat it de bliksem wie. De âldere bern witte wat der bart. Mar de lytse bern, fan 4, 5, 6 jier, begripe net dat der in oarloch is", fertelt Bakkali.
Sjoch hjirûnder nei it folsleine ynterview (yn it Ingelsk) mei Bakkali:
Heit Najib Bakkali út Oekraïne is wiis mei de stipe: