Oekraynske flechtlingen oernachtsje yn Hylper bedsteden

Yn Hylpen wurdt troch in groep frijwilligers hurd wurke om hotel De Stadsboerderij ree te meitsjen foar de opfang fan 50 flechtlingen út Oekraïne.
Opfang Oekraïners yn Hylpen:
De eigener fan it hotel hat de romte beskikber steld foar needopfang. Hy hat besteande reservearrings fan toeristen derfoar ôfsein.
De plakken binne bedoeld foar memmen mei harren bern, dy't sneon mei in bus út Poalen wei helle wurde. Pleatslik Belang Hylpen hat foar it plan de hannen gearslein mei in tsiental ferienings en stichtings yn de stêd.

Mienskipsinisjatyf

Woansdeitejûn wie der in ynformaasjegearkomste om útlis te jaan oer it plan en ek om frijwilligers te werven. Der binne in soad reaksjes op kaam fan minsken dy't helpe wolle.
Op in oar plak yn Súdwest-Fryslân, yn Hotel Galamadammen yn Koudum, wurdt ek wurke oan de opfang fan 150 flechtlingen. In ferskil mei it inisjatyf yn Hylpen is dat de opfang yn Koudum troch de Veiligheidsregio en de gemeente Súdwest-Fryslân oanstjoerd wurdt, dêr't it yn Hylpen om in mienskipsinisjatyf giet.

Fragen oer de ferantwurdlikens

Súdwest-Fryslân lit witte it inisjatyf yn Hylpen it bewûnderjen wurdich te finen, mar dat der noch wol wat fragen op it mêd fan organisaasje en ferantwurdlikens binne. Dêr hoopje se folgjende wike mei de inisjatyfnimmers oer yn petear te gean.
Durk van Tuinen fan Pleatslik Belang Hylpen: "De gemeente wurdt ek oerspield mei positive reaksjes. Wy binne ien fan de 250. Dit is tink ik ek wol frij foars."
Sammelplak yn Hylpen © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Alle middels en it jild foar de opfang moatte út de mienskip wei komme. Yn deselde strjitte as it hotel, is de loads fan skipshelling Blom beskikber steld foar de ynsamling fan allerhande guod foar de flechtlingen.

Helpguod en jild

Durk van Tuinen fan Pleatslik Belang Hylpen: "Tink oan klean, earste libbensbehoeften. Der wurdt oan alles tocht." It sammeljen begûn tongersdei om 9 oere. In oere letter wie der al in soad guod donearre. Njonken spullen, wurdt der ek jild ophelle. Van Tuinen: "Ik bin der in pear kear op in dei stil fan."
Van Tuinen beklammet dat it wichtich is om ek oer de perioade nei sneon nei te tinken: "Dêrnei moat der ek it nedige barre, dêr is ek jild foar nedich." Van Tuinen leit út dat der in berop dien wurdt op frijwilligers dy't yn de soarch wurkje: "We soargje foar in permaninte besetting fan it hotel. Dan binne der twa minsken altyd oanwêzich."
In bedstee yn hotel De Stadsboerderij © Omrop Fryslân, Earryt Sijens