Brânwachtauto út Kollum mei helpguod foar Oekraïne goed oankommen

It helpguod foar Oekraïne dat mei in brânwachtauto út Kollum ferfierd waard, is goed oankommen yn Roemenië. It guod wurdt fan dêrút nei Oekraïne brocht.
It guod wurdt yn Roemenië oerladen © Albert Hoof
"It gie hiel foarspoedich", seit Albert Hoof, ien fan de betinkers fan de aksje. "We hawwe aardich wat kilometers makke."

Bliid mei sliepsekken

Sneon kaam de auto oan yn Roemenië. "Net te leauwen, wat wienen de minsken der bliid mei. We hienen mear as 150 sliepsekken. Dêr sieten se om te springen."
"De minsken hawwe eins neat", leit Hoof út. "Se binne betize, se wolle sliepe, se hawwe gjin bêden. Mei in sliepsekje kinne se harren yn elts gefal efkes deljaan."

"We witte net wat Poetin docht"

Yn Roemenië is al it guod yn doazen gien en is it ynladen yn in oare frachtwein. Dêrmei sil al it helpguod nei Oekraïne brocht wurde. Hoof sjocht dat de oarloch ek bot spilet yn Roemenië.
"De hiele dei binne der bylden fan de oarloch op telefyzje. Ien fan de mannen dêr hat foar syn hûntsje alfêst in paspoart regele, want we witte net wat Poetin docht", seit Hoof.
It helpguod giet yn doazen © Albert Hoof
Hoof-en-dy binne no wer dwaande oan de weromreis. Se sille de nacht earne by de grins mei Hongarije en Eastenrijk trochbringe.
Albert Hoof oer de reis