Keunstners byinoar foar Oekraïne: "De wapens swije litte mei dichtregels"

Skriuwers, dichters en muzikanten kamen snein by elkoar foar de frede. Yn ytkafee De Basuin efter it Ljouwerter stasjon waarden ferhalen en gedichten foardroegen en muzyk spile.
Inisjatyfnimmer Syds Wiersma © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Njonken de ferneamde keunstners fan Fryslân diene ek learlingen fan kristlik gymnasium Beyers Naudé mei. "It is tige wichtich dat we de jongeren derby belûke", seit inisjatyfnimmer Syds Wiersma dy't weromsjocht op in slagge aksje. Der waard mear as tûzen euro foar Giro555 ophelle.

Yn wurd en muzyk stilstean by it fertriet

Dichterskollektyf RIXT, kultureel moanneblêd De Moanne en Leeuwarden City of Literature Ljouwert hawwe de kulturele manifestaasje dizze wike op poaten set. Yn wurd en muzyk waard stilstien by it fertriet fan de oarloch en it drama fan de flechtlingen.
Dichter/boer Jochum Rypma kaam mei in oplossing foar it konflikt: in kûgel rjochting Vladimir Poetin. Yaroslava Tymts, dy't yn 2014 flechte fan de Krim, fertelde dat se it nijs it leafst net folget. "Ik vind het verschrikkelijk om te zien hoe ouders met hun kinderen vluchten. Ik weet hoe dat is. Ik heb het zelf meegemaakt." Har heit en mem binne yntusken frege om te tolken foar de flechtlingen út Oekraïne.
Muzyk foar de frede © Omrio Fryslân, Auke Zeldenrust
Ien fan de dielnimmers wie dichteres Carla van der Zwaag. Sy die har foardracht yn blau-giele klean, de kleuren fan Oekraïne. Van der Zwaag seit dat se bot rekke is troch de oarloch. "Frede en sûnens is wat elkenien winsket. Dat is der no net. Al dy minsken moatte flechtsje en wy binne machteleas. Dat we fan corona no ynienen hjiryn telâne kommen binne, dat Poetin dit docht, is ferskriklik."

Net allinne Oekraïne

Se hopet dat har dichtregels helpe de wapens ta swijen te bringen en dat net allinne de minsken yn de Oekraïne holpen wurde, mar elkenien yn need. "Der binne safolle oare flechtlingen dêr't we net nei omsjogge. Dat giet my oan it hert."