Brânwachtauto út Kollum dwaande oan lange reis mei guod foar Oekraïne

In brânwachtauto fol pakken, helmen en blusslangen. Dat is ûnderweis fan Kollum nei Gilau yn Roemenië. Dêrwei wurdt it wurdt nei Oekraïne brocht.
Albert Hoof en Jelle van der Valle sitte op 'e dyk mei it guod dat de ôfrûne wike ynsammele is troch frijwilligers fan de brânwacht. Dat is hurd nedich yn Oekraïne.
"Alles stiet yn 'e brân, dus se moatte dêr wat begjinne kinne tsjin it fjoer", fertelt Hoof. "Wy ha dêrom in soad brânwachtmateriaal sammele, mar ek ferbân en medisinen."
Minsken út Kollum en omkriten koene woansdei ek tekkens en sliepsekken ynleverje by de brânwachtkazerne. Dy oprop waard troch in soad minsken beäntwurde. Oant let yn 'e jûn kamen se sliepsekken bringen. "It is geweldich om te sjen hoefolle minsken in bydrage levere ha."
De hiele frachtwein sit fol. Wy kinne dat allinne mar stypje.
Wim Kleinhuis (Veiligheidsregio Fryslân)
De Veiligheidsregio Fryslân stipet de aksje fan de brânwacht yn Kollum en hat dêrfoar in wein en brânstof beskikber steld. "Ik fyn it fantastysk wat Albert en Jelle oan it dwaan binne, en dat safolle minsken wat jûn ha", seit direkteur Wim Kleinhuis. "De hiele frachtwein sit fol. Wy kinne dat allinne mar stypje."
It is de bedoeling dat de brânwachtwein tongersdeitejûn al in moai ein yn Súd-Dútslân is. As de reis goed ferrint, kin it guod sneontemiddei yn Roemenië útladen wurde.