Henk de Jong is "nog steeds de baas" by Cambuur

Trainer Pascal Bosschaart fan SC Cambuur is der tige wiis mei dat Henk de Jong op de bank siet, by de earste wedstriid fan 2022. "Hij is nog steeds de baas, de hoofdtrainer."
© Orange Pictures
De Jong hat in grut diel fan syn taken oerdroegen oan Bosschaart, neidat der by him in kyste yn de holle oantroffen waard. Dokters ha him advisearre de kyste sitte te litten, en sûnt desimber pakt er syn wurk stadichoan wer op.
Prate mei de parse docht De Jong noch net. Nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Sparta stie Bosschaart de media te wurd. "Het is heel mooi dat Henk er weer bij is, en dat hij zichzelf zo langzaam op kam werken naar volledig erbij. Wij proberen hem te ondersteunen."
Alle beslissingen dy't op de bank naam wurde, wurde oerlein, seit Bosschaart. "We doen het altijd met z'n allen. Als Henk er niet is, moet ik het doen, maar nu is hij erbij en dan overleg ik met hem tijdens de wedstrijd."
Pascal Bosschaart:
Echt fertuten hat it net dien, Cambuur fergriemde de 1-0 foarsprong tsjin de Spartanen. It waard 1-1.
"Ik denk dat we tevreden kunnen zijn met een punt", seit Bosschaart. "We maakten het onszelf onnodig moeilijk. We bleven te lang breien, terwijl opbouwen van achteruit normaal ons sterke punt is."
Cambuur hat no 29 punten. Foar it seizoen is it getal 34 neamd as doelstelling. Dat soe nedich wêze om yn de earedivyzje te bliuwen. "Nog vijf te gaan, dan is ons doel bereikt!"