Cambuurtrainer Henk de Jong pakt wurk op; 'Rêstichoan begjinne'

Cambuurtrainer Henk de Jong pakt syn wurk stadichoan wer op, sa lit er yn in boadskip op Twitter witte.
Henk de Jong © www.orange-pictures.nl
Begjin desimber waard by him in frij grutte kyste djip yn syn holle fûn. "Dat was wel schrikken", seit De Jong. Dokters ha him holpen en advisearre om de kyste sitte te litten. Doe't er frege oft er dan wer mei syn wurk begjinne mocht, wie it antwurd posityf.

Opbouwen

De trainer docht it noch rêstich oan en seit dat er him wer faker op de klup sjen litte sil. It opbouwen hat syn tiid nedich. Hy sil syn libben ek oars ynrjochtsje moatte. Foarearst jout er gjin ynterviews by wedstriden. De Jong hopet op begryp.
De trainer seit dat hy dernei útsjocht om fan it fuotbal te genietsjen. "We maken er wat van", slút De Jong ôf.