Omrop Fryslân

Cambuur slút rare wike ôf mei winst: "Henk trots gemaakt"

"We moeten Henk trots maken", sei assistint-trainer Pascal Bosschaart fan SC Cambuur yn oanrin nei de útwedstriid tsjin Willem II. It oardiel nei ôfrin? "Ik weet zeker dat we dat hebben gedaan."
Bosschaart fynt dat de spilersgroep hiel folwoeksen is:
Cambuur wûn yn Tilburg mei 3-1 en liet de thúsploech sawat kânsleas. "We speelden de eerste helft echt heel goed", fynt Bosschaart. "Het enige wat ontbrak waren de goals."
By it skoft wie it yndie 0-0, mar yn it begjin fan de twadde helte pakten de Ljouwerters de foarsprong. "We kunnen heel tevreden zijn met de manier waarop we hebben gespeeld."

Wike goed ôfsletten

En dat nei sa'n minne wike: earst de stevige thúsnederlaach tsjin Vitesse (1-6) en dêrnei it minne nijs oer trainer Henk de Jong, dy't de kommende tiid ûntbrekt fanwegen in kyste yn 'e holle. "Het is wel fijn om zo'n week zo af te sluiten."
De spilers kamen foar de wedstriid it fjild op yn shirts mei dêrop de tekst In Henk we trust. "Dat tekent de club", fynt Bosschaart. "Het is een familieclub, de ploeg is heel hecht. Niet alleen de spelersgroep, maar ook de staf. Het is fantastisch."

Oerwinning foar De Jong

Neffens Alex Bangura wienen de shirts "een statement. Deze overwinning is ook voor hem. We wilden hem trots maken en dat hebben we gedaan."
De 1-3 fielde as "een verlossing", seit Bangura:
Bangura wie - sa as wol faker dit seizoen - ek oanfallend wichtich foar Cambuur. Nei in oertreding op him krige Cambuur in strafskop, wêrút Maulun de 2-0 makke. "Ik voelde dat hij me raakte dus ik ging liggen."
De oerwinning wie net stellen, fynt Bangura. "We speelden hartstikke goed, we voetbalden onder de druk uit en kregen kansen. Het bleef alleen 0-0. Maar in de rust wisten we: als we zo door blijven spelen, dan komt het goed. We werden ervoor beloond."
Ik dacht: deze moet op het hok zijn.
Mitchel Paulissen oer de 1-3
Hiel even waard it noch spannend, doe't Willem II yn de lêste minút de 1-2 makke. Ynfaller Mitchel Paulissen brocht in ein oan dy spanning. Hy krige de bal sa yn de fuotten spile fan Willem II-doelman Timon Wellenreuther. "Ik zag dat de keeper de bal niet raakte, dus ik dacht: deze moet op het hok zijn. Dat is Limburgs."
Cambuur kin mei alle klups útsein de echte topklups de striid oangean, neffens Paulissen:
Paulissen rekke 'm goed. "Hij hoefde niet hard. Ik raakte 'm goed en hij ging er gelukkig in."
Dat it nettsjinsteande it goede spul fan Cambuur noch 0-0 wie by skoft, is neffens Paulissen net hiel slim. "Dit is wel hoe we het willen: de tegenstander langzaam een beetje kapot spelen. We hadden eerder kunnen scoren, maar de tweede helft werden de ruimtes groter. Zij werden vermoeid en wij slaan toe."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.