Cambuur fergriemt foarsprong, mar hâldt punt oer oan Sparta

In kapitale flater fan de keeper fan Sparta hie SC Cambuur trije punten opsmite kinnen, mar yn de slotfaze fan de wedstriid kamen de Rotterdammers sterk werom. It waard 1-1.
© Orange Pictures
It hat nea echt sprankele, oan de kant fan de Ljouwerters. It earste doelpunt fan de wedstriid foel nei in goed healoere, doe't keeper Tim Coremans fan Sparta de bal út de hannen ploffe liet.
Opstelling Cambuur: Stevens, Mac-Intosch, Schoute, Jacobs, Paulissen, Joosten (87/Hendriks), Bangura. Doodeman, Maulun (74/Breij), Uldrikis, Van der Meer.
Nei 45 minuten stie it dus 1-0, mar dêrmei mochten de Ljouwerters de hannen tichtknipe. De skoare hie der doe al hiel oars útsjen kind.
Yn de twadde helte kamen der ek gjin echte kânsen foar Cambuur. Sparta profitearre. Adrian Dalmau hie in wrâld oan romte neidat er de bal krige yn de 16 meter. Hy twivele net en skeat de bal yn de linkerhoeke fan de goal.
Cambuur hâldt dus ien punt oer oan de striid mei Sparta.